Menameradiel: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
Rigel 58:
[[File:Wegverbetering Dronrijp-Baijum door terp van D. Dijkstra, Hatzum, 16 juli 1934.jpg|left|thumb|250px|Wurk oan 'e wei by [[Hatsum]], tusken [[Dronryp]] en [[Baaium]], [[16 july]] [[1934]].]]
 
Oarspronklik hearde Menameradiel binnen Westergoa ta de [[Frjentsjerter Fiifdielen]], yn 'e mande mei [[Baarderadiel]], [[Barradiel]], [[Frjentsjerteradiel (1851-1984)|Frjentsjerteradiel]] en [[Hinnaarderadiel]]. Doe't dat gebiet yn 'e rin fan 'e [[fjirtjinde iuw]] útinoar foel, ûntjoech Menameradiel him ta in selsstannige [[gritenij]], dy't yn [[1401]] foar it earst yn in histoaryske boarne as sadanich neamd wurdt. Mei it tichtslykjen en ynpolderjen fan 'e Middelsee krige Menameradiel der eastlik fan 'e Hegedyk de [[Nijlannen]] by, mar it grutste part dêrfan heart hjoed de dei ta de gemeente [[Ljouwert (gemeente)|Ljouwert]].
 
Fan 'e [[adel|aadlike]] [[stins|stinzen]] en [[state]]s dêr't Menameradiel yn 'e [[Lette Midsiuwen]] sa ryk oan wie, is frijwol neat oerbleaun. Inkeld it [[Poptaslot]] yn [[Marsum]] bestiet noch, dat datearret fan omtrint [[1500]].<ref name="jansma s. 50">{{Aut|[[Klaas Jansma|Jansma, Klaas]]}}, ''Friesland en Zijn 44 Gemeenten'', Ljouwert, 1981 (Frysk Deiblêd), ISBN 9 06 48 00 154, s. 50.</ref> Yn 'e [[Tachtichjierrige Oarloch]] fûn op [[17&nbsp;jannewaris]] [[1586]] by [[Boksum]] de nei dat doarp ferneamde [[Slach by Boksum]] plak, wêrby't in Fryske legerôfdieling ûnder de [[Denemark|Deenske]] [[ofsier]] [[Steyn Maltisten]] ferslein waarden troch [[Spanje|Spaanske]] troepen ûnder [[Juan Baptiste de Tassis]].<ref name="neff-1791/>