Ferskil tusken ferzjes fan "J.L. Hooglandgemaal"

gjin bewurkingsgearfetting
[[Ofbyld:J.L.Hooglandgemaal.jpg|thumb|right|''Sicht fan it kanaal ôf'']]
 
It '''J.L. Hooglandgemaal''' is in elektrysk [[gemaal (wetterbou)|gemaal]] yn [[Starum]] dat ree kaam yn [[1966]]. It bouwurk mei in bûgd tek is fan de arsjitekt [[Piet de Vries (arsjitekt)|P. de Vries]] en is neamd nei J.L. Hoogland, deputearre fan Wettersteatsoangelegenheden.
 
Yn de hal stean fjouwer [[skroefpomp]]en. It gemaal lost it wetter út de [[Fryske boezem]] wei op de [[Iselmar]]. It naam de taak oer fan it oare gemaal yn [[Fryslân]] dat wetter lost op de Iselmar, it [[yr. D.F. Woudagemaal]] op [[De Lemmer]]. Dy hoecht allinnich mar by tige hege wetterstannen by te springen. De ôffierkapasiteit fan it J.L. Hooglandgemaal is mei 6.000 m<sup>3</sup> yn 'e minút oardel kear grutter as dy fan it Woudagemaal. Op [[10 maaie]] [[1967]] waard it gemaal offisjeel iepene. It leit besuden de [[Johan Frisoslûs]].