Jentje van der Sloot: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
kt
No edit summary
 
Rigel 1:
'''Jentje van der Sloot''' ([[Skalsum]], [[1881]] - [[Huzum]], [[1962]]) wie in keunstskilder dy't earst mei 78 jier syn earste útstalling hie. Hy wie de broer fan [[Andries van der Sloot]] en omke fan [[Bauke van der Sloot]].
 
WieHy wie ûnder mear hotelhâlder yn [[Stiens]] en [[Makkum]], hanneler yn lânbou-ark, notarisklerk yn [[Moarrewâld]], strjittefotograaf en hie in winkel yn porslein en diggelguod. At er, 77 jier âld, him yn in pensjon "Anondrust" yn Ljouwert nei wenjen gietset begjint er te skilderjen.
 
Van der Sloot wie [[autodidakt]] en [[Naïviteit (skilderkeunst)|nayf]] skilder en waard ûntdutsen troch Livinius van der Bundt, direkteur fan de [[Frije Akademy]] yn DenDe Haach nei't er troch [[Diet Huber]] attendearre wie op it wurk. Syn broer Anders wie net ûnder de yndruk fan syn wurk; hy hat lykwols net mear meimakke dat it wurk fan Jentsje yn Ljouwert, [[Basel]] en [[Itaalje]] útstald west hat en wurdearring fûn hat. [[Sjoerd de Vries (byldzjend keunstner)|Sjoerd de Vries]] hat him syn grutte foarbyld en 'de Keizer fan de Sneinsskilders' neamd.
 
Van der Sloot stoar oan [[kanker]] yn ''Huize Avondrust'' yn Huzum.