Samuel Coster: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
[[]]
Rigel 1:
[[Ofbyld:Samuel Costerus door Reinier van Persijn.jpg|thumb|Samuel Costerus (1579-1665) gravuere fan [[Reinier van Persijn]]]]
'''Samuel Coster''' ([[Amsterdam]], [[16 septimber]] [[1579]] - dêre, [[1665]]) wie in Nederlânsk [[toanielskriuwer]] en [[dokter]].
 
== Biografy ==
Coster wie de fyfde fan Adriaen Lennaertz, [[koster]] en [[timmerman]], en Aeltgen Jansd. Om [[1605]] moat er lid west hawwe fan de Amsterdamse [[rederiker]]skeamer ''d'Eglantier''. 'Faaks waard er stipe troch begoedige freonen doe't er him yn [[1607]] ynskriuwe liet by de [[Universiteit Leien|universiteit]] yn [[Leien]]. Hy studearre earst letteren, mat promovearre [[1610]] ta doktor yn de medisinen. Werom yn [[Amsterdam]] waard er dokter by it Gasthûs.
 
Coster spile sa'n tsien jier in liedende rol yn it literêre libben fan Amsterdam, benammen wat toaniel oanbelange. ''Teeuwis de boer'', in [[blijspul]] dat wierskynlik al yn syn Leienske tiid ûntstie, waard yn [[1612]] opfierd troch d'Eglantier. It stik waard ynspirearre troch in [[folkslietsje]] en Coster frofitearre fan tal fan koartswilige tema's en figueren: in hjitte man boaske oan in âld wiif, in boer foar in stedske persoan oer, in swetser fan in Westfaalsk pratende keale jonker, in Frânske parlefinkende slûchslimme abbekaat dy't mar úteinlik dochs bedragen útkomt.