Pieter Boeles: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
+ heit
Rigel 3:
 
== Libben ==
Boeles waard berne yn Assen, mar brocht syn jeugdjonkheid troch yn Ljouwert dêr't syn heit [[Willem Boele Sophius Boeles|Willem Boels]] riedshear wie by it gerjochtshof. Yn Ljouwert trochrûn hy de [[legere skoalle]] en gong nei it gymnasium.
Pieter Boeles wie al op jonge leeftyd hiel bot ynteresseare yn skiednis en kaam in protte yn it [[Frysk Museum]], dêr't ek de bibleteek fan it [[Frysk Genoatskip]] mei ferbûn wie dy't ûnder de hoede stie fan syn heit. Op it museum rekke Boeles befreone mei de konservator [[C.H.F.A. Corbelijn Battaerd]], dy't in soad belutsen wie by fynsten yn de provinsje Fryslân. Benammen by terpôfgravings waarden gauris nijsgjirrige ûntdekkings dien fan munten, gebrûks- en oare foarwerpen. Sûnt [[1840]] waarden de terpen hieltyd faker ôfgroeven om de [[Terpmodderje|terpierde]] dy't as keunstdong brûkt waard.