Yndustriële Revolúsje: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
Nerbys (oerlis | bydragen)
fixed typos
Rigel 12:
 
== Sosjale konsekwinsjes ==
Mei de [[yndustrialisaasje]] moasten der fabriken boud wurde foar de massaproduksje. De arbeiders teagen nei de kriten dêr't dy fabriken stiene. In proses fan snelle [[urbanisaasje]] kaam opgong fan foarhinne lytse doarpkes en stedsjes. Dy fabriken fersmoargen tige, en dat wie net sûn foar de minsken yn de neiste omkriten fan it fabryk. De steammasines bliezen tsjokke reekwolken de hiele stêd troch en ferverijen wettere harren ôffal fuort op de rivier út. Lykwols streamden minsken fan it plattelân faak fanneed massaal derhinne foar wurk. In nije [[sosjale klasse]] ûntstie: de arbeiders, oftewol it yndustriële [[proletariaat]]. De arbeiders moasten yn oerbefolke [[krottewyk|Krottewikenkrottewiken]] wenje dêr't sy slim behûze wienen mei amper [[sanitêr]]. De libbensferwachting wie trochstrings leech, en de [[bernestjerte]] heech.
 
Foar de Yndustriële Revolúsje wie der ek al [[berne-arbeid]], mar mei de groeiende befolking en ûnderrjocht waard it better sichtber. Oan 'e ein fan de [[19e iuw]] waarden der rûnom yn West-Jeropa wetten yntsjinne tsjin de bernearbeid. Yn deselde iuw kaam it [[sosjalisme]] fan 'e grûn.
[[Ofbyld:Spinning jenny.jpg|thumb|''Spinning Jenny'']]
De minne arbeidsomstannichheden fan de arbeidersklasse ûnder de yndustrialisaasje wurdt ek wol de [[sosjale kwestje]] neamd. Yn de rin fan de iuw soenen de [[arbeider]]s in politekepolitike beweging foarme om harren omstannigens te ferberterjen. Neffens [[Karl Marx]] wie it yndustrieel proletariaat de drager fan de sosjalistyske beweging. <ref>''De miskende taaiheid fan it Frysk'', Bertus Mulder, side 66 ISBN 978-90-330-0611-1</ref> Yn Fryslân wie yn dy tiid amper yndustry, mar de sosjalistyske politikussenpolitisy [[Ferdinand Domela Nieuwenhuis]] en [[Pieter Jelles Troelstra]] hienen harren grutste oanhing yn de provinsje [[Fryslân]].
 
== Ferwizing nei boarne ==