Martinytsjerke (Boalsert): ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
kt
Nerbys (oerlis | bydragen)
added info
Lebels: Mobile bewurking Bewurking mobile app
Rigel 2:
[[Ofbyld:Martinikerk Bolsward.jpg|thumb|''De noardside fan de Martinytsjerke yn 2010'']]
De '''Martinytsjerke''' is in [[Gotyk|goatysk]] tsjerkegebou fan de Herfoarme Gemeente op in terp yn it sintrum fan [[Boalsert (stêd)|Boalsert]].
De Martinytsjerke fan Boalsert wie yn de midsiuwen in dekenaatstsjerke yn [[Westergoa]]. Yn de 15e iuw waard, fan 1446 - 1466, de tsjerke fernijd en útwreide. Wat earder yn de 15e iuw wie de toer al boud. Yn 1459 waard de tsjerke wijd troch de destiidskedoedestiidske [[Biskoppen fan Utert|biskop van Utert]], [[David fan Boergonje]]. De tsjerke wurdt in [[pseudobasilyk]] neamd om de relatyf lege ljochtbeuken.
 
Yn de tsjerke binne yn de noardbeuk skilderings bewarre bleaun út de twadde helte fan de [[15e iuw]]. It betreft ferskate bibelske foarstellings, wêrûnder de berte fan Kristus (sjoch: ôfbyld). Yn de tsjerke steane koarbanken, dy't diels út de [[Broeretsjerke]] fan Boalsert komme en diels út de Martinytsjerke sels. De banken binne fersierd mei goatysk fykwurk (sjoch ôfbyld). Ek de preekstoel hat in soad houtfykwurk; de fjouwer panielen byldzje de fjouwer seizoenen út. De preekstoel, makke yn 1662, wurdt om samar te sizzen droegen troch twa earnen en in ingel. It doopfont hearde net oarspronklik yn de Martinytsjerke, mar komt út [[De Kúnder]]. De froedskipsbank is fan [[1722]]. Under de grêfsarken falle op de yn 1620 troch Hans Schuuneman makke portretsark foar Godschalk fan Heerma en dy syn twadde frou Sits fan Cammingh op en de [[renêssânse]]sarken makke troch Benedictis Gerbrandts.<ref>Karstkarel, side 58</ref>
 
Mei troch it bekende Hinsz-oargel en de goede akoestyk wurdt it gebou faak brûkt troch organisten en koaren foar útfierings. Jierliks wurdt de Mattheuspassion útfierd troch de Boalserter Oratoariumferiening en it Snitser Kantatekoar, eartiids mei it [[Frysk Orkest]]. It HinzHinsz-oargel (1781) wurdt dan ek brûkt,; foar de koarpraktyk is der in koaroargel. Ek wurde der kantatemiddeis hâlden mei as hichtepunt de gearsang foar de krystdagen. It oargel, mei 42 registers en 3186, pipen is boud troch de oargelbouwer [[Albertus Antoni Hinsz]] en waard yn 1781 ynwijd. It oargel waard yn letter jierren fierder útwreide en yn 2002 restaurearre.
 
Jierliks wurdt ek it Nasjonaal Oargelymprovisaasjekonkoers hâlden en yn de simmer binne der oargelkonserten mei gastorganisten en kantororganist. Yn oktober is der in feestkonsert ta gelegenheid fan de útrikking fan [[Gysbert Japicxpriis]] en de [[Joast Halbertsmapriis]]. Oant ein santiger jierren troch it Frysk Orkest en de boalserter Oaratoariumferiening. Lieding hjirby hie kantororganist Adriaan Houtman ( Schiedam, 1924 ), dy't yn 1967 Gezinus Schrik opfolge. Houtman wie learaar muzyk en konrektor oan de ryksskoallemienskip Magister Alvinus yn Snits.
 
De toer hat fjouwer liedklokken, ien foar manlju (út 1640), froulju (út 1533), jonges (út 1688) en famkes (út 1955).<ref>Martinikerk Bolsward</ref>