Harns (gemeente): ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
Rigel 60:
By de grutte [[gemeentlike weryndieling]] fan [[1984]] koe de gemeente Harns fierder útwreidzje en kaam it doarp [[Winaam]], dat earder ta [[Barradiel]] heard hie, derby te hearren. Fierders krige Harns der doe oan 'e eastkant ek in grutte stripe [[plattelân]]by mei it eastlike part fan [[Mullum]], in gebiet dat earder ta de [[Ferjentsjerteradiel (1851-1984)|âlde gemeente Frjentsjerteradiel]] heard hie.
 
Yn 'e jierren [[2010]] wie der lange tiid sprake fan dat Harns mei [[It Bilt]], [[Frjentsjerteradiel (1984-2018)|Frjentsjerteradiel]], [[Menameradiel]] en in stikmannich doarpen fan [[Littenseradiel]] opgean soe yn 'e nije fúzjegemeente [[De Waadhoeke]], dy't op [[1 jannewaris]] [[2018]] ûntstiet. Uteinlik besleat de [[gemeenterie]] fan Harns dêr lykwols fan ôf te sjen en selsstannich te bliuwen, net yn it lêste plak om't it dúdlik wie dat it gemeentehûs fan 'e nije gemeente yn [[Frjentsjer]] komme soe, wat foar in protte Harnzers min te ferkropjen wie mei it each op 'e tradysjonele rivaliteit tusken de beide stêden. Koartsein wiewoe Harns gjin "''Franeker an see''" wurde.<ref>{{Aut|Joustra|Wio}}, ''Franeker de geest, Harlingen de pret'', yn: de ''Ljouwerter Krante'', 23 april 2011, taheakke ''Sneon en Snein'', s. 10.</ref>
 
==Kultuer==