Houston: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
L →‎Skiednis: + orkaan Harvey
Rigel 36:
Yn 'e jierren tachtich rekke it mei de Houstonske ekonomy yn it neigean doe't de oaljeprizen sterk omleech giene, wylst it nei de [[Challenger-ramp|ramp mei de ''space shuttle'' ''Challenger'']], yn [[1986]] (wêrby't dy koart nei it opstigen útinoar spatte), ek minder gie mei de romtefeartsektor. Sûnt de iere jierren njoggentich die it stedsbestjoer der sadwaande alles oan om 'e ôfhinklikheid fan 'e pleatslike ekonomy fan dy beide sektoaren te ferminderjen. Yn [[1997]] waard [[Lee P. Brown]] as earste Afro-Amerikaan ta boargemaster fan 'e stêd keazen.
 
Yn juny [[2001]] waarden de slimste oerstreamings yn 'e skiednis fan Houston feroarsake troch de [[tropyske stoarm Allison]], dy't wol 1.000 mm rein oer de stêd útstoarte. De skea rûn yn 'e miljarden en der wiene 20 deaden te betreurjen. Yn augustus [[2005]] waarden mear as 150.000 minsken út [[New Orleans]], dy't evakuëarre wiene út it paad fan 'e [[orkaan Katrina]], opfongen yn Houston, benammen yn it oerdutsen sportstadium de ''[[Astrodome]]''. Ien moanne letter, doe't de [[orkaan Rita]] neieroan kaam, moasten út Houston sels (en omlizzende kriten) 2½ miljoen minsken evakuëarre wurde (wat de grutste evakuaasje wie út 'e Amerikaanske skiednis), mar aldergeloks rjochte Rita net in protte skea oan. Ein [[augustus]] [[2017]] waard Houston troffen troch de [[orkaan Harvey]], dy't benammen in ûnbidige soad [[rein (delslach)|rein]] en dêrtroch grutte [[wettersneed]] brocht. Der foelen likernôch fyftich deaden en mear as 100.000 huzen yn Houston en omkriten rekken ûnbewenber.
[[File:Panoramic Houston skyline.jpg|right|thumb|300px|It sintrum fan Houston.]]