Arapaho (folk): ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
L red
L red
Rigel 20:
|Gebiet3= ● [[File:Flag of Oklahoma.svg|border|20px]] [[Oklahoma]]
|Oantal3=   4.000
|Opmerking= |
}}
De '''Arapaho''' ([[Ingelsk]]: ''Arapaho'' of ''Arapahoe'') binne in lânseigen [[Yndianen|Yndiaansk]] folk fan 'e [[Grutte Flakten (Noard-Amearika)|Grutte Flakten]] fan [[Noard-Amearika]], dat oant djip yn 'e [[njoggentjinde iuw]] grutte dielen fan 'e hjoeddeistige [[Feriene Steaten|Amerikaanske]] [[Amerikaanske steaten|steaten]] [[Wyoming]], [[Kolorado]], [[Nebraska]], [[Montana]], [[Kansas]] en [[Oklahoma]] behearske. Hja ûnderholden fan âlds in politike en militêre alliânsje mei de oan har besibbe [[Sjajinnen]] (''Cheyenne''), en stiene sadwaande ek faak oan 'e kant fan 'e [[Sû (folk)|Sû]] (''Sioux''), dat ek Sjajinske bûnsgenoaten wiene. De [[Arapaho (taal)|Arapaho]]-[[taal]] heart ta de [[Algonkwynske talen|Algonkwynske famylje]] en is it naust besibbe oan 'e taal fan 'e [[Gro Wânt (folk)|Gro Wânt]] (''Gros Ventre''). Tsjin [[1850]] wiene de Arapaho útinoar fallen yn twa folksdielen, de [[Noardlike Arapaho (folk)|Noardlike Arapaho]] en de [[Súdlike Arapaho (folk)|Súdlike Arapaho]]. Tsjintwurdich diele de Noardlike Arapaho mei de [[Eastlike Sjosjoanen]] it [[Wind River Yndianereservaat]] fan [[Wyoming]], wylst de Súdlike Arapaho mei de [[Súdlike Sjajinnen]] yn westlik [[Oklahoma]] libje.