Ada fan Hollân: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
Swarte Kees (oerlis | bydragen)
stavering en sinsbou ("tusken de partijen troch te krijen.."is net goed te begripen..
Theun (oerlis | bydragen)
dit wurdt neffens my bedoeld (ik haw it op :nl efkes neisjoen)
Rigel 27:
Ada waard (nei it te hôf bringen fan har heit) troch oanhingers fan Willem by [[Leien]] bekrongen. Se ferstoppe har yn de boarch fan Leien, dy’t nei in koart belis troch de Boarchgreve fan Leien, [[Philips fan Wassenaar]], ynnommen waard. Ada waard troch har omke nei de [[Ingelân|Ingelske]] kening [[Jan sûnder Lân]] stjoerd en Willem naam it greefskip op him. Der folgde in kriich mei de namme [[Loonske oarloch]] dy’t oan [[1206]] ta duorje soe. De oarloch einige mei it [[ferdrach fan Brugge]] yn [[1206]]. Formeel besjoen waard it greefskip tusken Willen en Loadewyk fan Loon opdield. Willem krige Seelân en de streek om [[Geetruidenberg]] hinne, en Loadewyk de rest.
 
Yn [[1207]] wist Loadewyk fan Loon Ada frij te krijen, mar Ada moast har oanspraak op it greefskip opjaan. Loadewyk en Ada hawwe noch wol besocht om it werom te krijgen. Mar dizze striid waard in ûnderdiel tusken [[Frankryk]] en de [[Hohenstaufen]] dynasty. Willem wist Hollân lykwols sûnder rare ûngelokken kundich tuskengrutte deswierrichheden partijenfoar trochhimsels te krijenbehâlden. Yn [[1213]] moasten Loadewyk en Ada harren oanspraak op it greefskip Hollân opjaan.
 
Ada ferstoar sûnder bern yn [[1226]] en is te hôf brocht yn de [[Abdij]] fan [[Herkenrode]] yn it [[greefskip Loon]].