Ynferno (roman): ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
Firenze.PalVecchio05.JPG ferfange troch Firenze_Palazzo_della_Signoria,_better_known_as_the_Palazzo_Vecchio.jpg (troch [[commons:User:CommonsDelinker|CommonsDelinker]
Rigel 31:
Robert Langdon, in perfester keunstskiednis en symbolyk fan 'e [[Universiteit fan Harvard]], wurdt mei in wûn oan 'e holle wekker yn in [[Florâns|Florentynsk]] sikehûs. Hy wit neat mear fan 'e ôfrûne pear dagen; syn lêste oantinken is fan doe't er noch op 'e kampus fan Harvard wie. Sienna Brooks, ien fan 'e [[dokter]]s dy't him fersoargje, fertelt him dat er in [[harsensskodding]] oprûn hat doe't er skampe waard troch in kûgel, en dat er yn dy tastân de poliklinyk fan it sikehûs binnen knoffele is. Tegearre moatte se flechtsje as in moardneresse dy't harsels Vayentha neamt ien fan 'e dokters deasjit en op Langdon syn keamer takomt. Se ferskûlje har yn it appartemint fan 'e stoïsynske Sienna, dêr't Langdon in sylinder mei [[biologysk gefaar]]steken yn 'e bûse fan syn jaske fynt. Se beslute it Amerikaanske konsulaat te skiljen, mar jouwe as ferbliuwplak in lokaasje foar Sienna har appartemintegebou oer op, om har safolle mooglik bûten de saak te hâlden. As se dan út it appartemint wei sjogge hoe't dêr ynstee fan help in wapene Vayentha arrivearret, begjinne se te fermoedzjen dat it Amerikaanske regear Langdon út 'e wei romje wol.
{{Plotbedjer}}
[[File:Firenze Palazzo della Signoria, better known as the Palazzo Vecchio.PalVecchio05.JPGjpg|left|thumb|200px|It [[Palazzo Vecchio]], yn [[Florâns]].]]
Langdon beslút dan om it te aventoerjen en iepenje de sylinder. It docht bliken dat dêr in lytsere, [[Midsiuwen|Midsiuwske]], biennene sylinder yn sit, dêr't immen in hi-tech projektor yn ferwurke hat dy't in ferzje fan [[Sandro Botticelli|Botticelli]] syn ''Plattegrûn fan de Hel'' sjen lit. De plattegrûn is lykwols alhiel trochinoar griemd, en as Langdon him letter wer yn 'e âlde steat werombringt, kommen de wurden ''CERCA TROVA'' te foarskyn. Langdon wit dat dy wurden op it [[skilderij]] ''De Slach by Marciano'' fan [[Giorgio Vasari]] steane, dat tentoansteld wurdt yn it [[Palazzo Vecchio]]. Sadwaande sette hy en Sienna, nei't har appartemintegebou ynienen binnenfallen wurdt troch militêren en se mar op it nipperke witte te ûntkommen, nei de Alde Stêd fan Florâns ta.