Dellebuorsterheide: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
L red
Rigel 8:
 
== Floara en Fauna ==
Op de Dellebuorren sitte noch party amfibyën[[amfibyen]] en [[reptilen]]. [[heidekikkert|Heidekikkert]], libbenbaarjende hagedis en [[njirre]] libje hjir en ek de seldsume [[glêde slang]] oantroffen. Grutte stikken fan de Dellebuorsterheide binne drûch en begroeid mei [[biezemheide]]. [[beikeheide|Beikeheide]] foarmet der fraaie mozaïken. Mar ek wiete heide, wêryn in protte [[skrobberheide]] en [[seadsigge]], groeie hjir. [[bûtergers|Bûtergers]], in seldsum wurdende plant bliuwt stânhâlden oan de foet fan de heuveltsjes. Oan de wat fochtige paden groeit it [[skieppeklokje]], in waardplant foor it frij seldsume en hjir foarkommende [[gintsiaanblautsje]]. Dêrneist komme op de heide brune fjoerflinter, grientsje en heideblautsje foar.
 
Op de Dellebuorren binne wol 27 soarten libellen oantroffen, dy't ûnder oare gebrûk meitsje fan heidefintsjes, lykas bygelyks de seldsume fine pânserjuffer. De boaiem fan de boskjes mei [[simmeriik]], [[bjirk]] en en grouwe din is benammen begroeid mei [[bjint]]. De boskgebieten kenne de gewoane sjongerkes, mar ek [[mûzefalk]] en [[hauk]] briede der, krektas de [[beampiper]] en de [[beamljurk]]. Oan de boskrânen en yn it strewel binne [[gielfink]], [[swartkieltsje]] en [[paapke]] te sjen. Ek de [[das]] wennet yn it boskgebiet, op de heechlizzende flank fan de Tsjonger.
 
== Behear ==