It Hoarslân: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
Daam (oerlis | bydragen)
oanfolling
Rigel 1:
'''It Hoarslân''' is in delsetting besuden [[Berltsum]] yn de gemeente [[Menameradiel]]. De namme komt ek foar as
Horsland. Horslant en Horslandt. In gebiet mei deselde namme kaam eartiids ek foar ûnder [[Rinsumageast]]. 'Hors' soe fan hynder komme kinne mar ek fan drek of dridze. Mei de ûntwikkeling fan it kassegebiet yn it begjin fan de [[21e iuw]] is fan it eardere Hoarslân sa goed as neat werom te kennen.
 
==Fleantúchûnk==
Op [[9 juny 2016]] is ien fan de fan de [[fleanbasis Ljouwert]] opstiigde strieljagers fan it type F-5E yn it eardere Hoarslân delstoart. De strieljager boarre him deun tusken in hûs en in kas de grûn yn. It gie om in tastel fan it Switserske tiim Patrouille Suisse, dat by in treningsflecht foar de Loftmachtdagen in oar fleantúch út it tiim rekke. De piloat rêde him mei de sjitstoel mar mei trochdat er troch it glês fan de njonkenlizzende kas rekke skeinde er beide ankels. It oare tastel dat rekke waard sette mei súkses in needlanning yn dy't goed ôfrûn op de fleanbasis Ljouwert.
 
== Sjoch ek ==
* [[Fryske doarpen#Buorskippen|Fryske doarpen, buorskippen en delsettings]]