Boalserter Feart: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
L + ynfo dûbele side
No edit summary
Rigel 3:
De '''Boalserter Feart''' of '''Boalserter Trekfeart''' is in âlde [[trekfeart]] dy't rint fan [[Boalsert (stêd)|Boalsert]] rjochting [[Ljouwert (stêd)|Ljouwert]]. De feart begjint by de stêdsgreft fan Boalsert en rint in noardeastlike rjochting troch [[Burchwert]], [[Wommels]] en [[Easterlittens]], om úteinlik tusken [[Dronryp]] en [[Blessum]] op it [[Van Harinxmakanaal]] út te kommen. De [[Frysk]]e namme 'Boalserter Feart' jildt sûnt [[15 maart]] [[2007]] as de offisjele namme, as ferfanging foar de eardere [[Nederlânsk]]e offisjele namme ''Bolswarder Vaart''.
 
De Boalserter Feart is ûntstien yn [[1638]] op kosten fan de stêd Boalsert. Hy is oanlein troch it ferbinen fan in tal besteande wetters. De feart is sa'n 22 km lang. Doel wie it ferfier fan de fette [[klaai]], dy't fûn waard tusken [[Harns (stêd)|Harns]] en [[Boalsert (stêd)|Boalsert]], as grûnstof foar [[ierdewurk]]. Oan 'e Boalserter Feart hawwe dan ek [[tichewurktichelwurk]]en foar it meitsjen fan [[bakstien]]nen, [[dakpanne]]n en [[estrik]]en stien.
 
By de oanlis waard bepaald dat it [[jaachpaad]] boppe 7 foet en oan de soal 13 foet breed wurde moast. It hynstepaad krige in breedte fan 3 foet en waard ferhurde mei pún. It eardere jaachpaad is no in fytspaad wurden. De sydfearten fan de feart waarden ek in soad brûkt foar de ôffier fan hout. Dy sydearms binne yn de [[20e iuw]] meast tichtsmiten. Der is in siswize dy’t seit: “De Boalserter feart hat 99 bochten”. Mar de betsjutting dêrfan is net rjocht dúdlik.