Fantasy (sjenre): ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
L + plaatsje
No edit summary
Rigel 1:
[[File:Avon Fantasy Reader 18.jpg|right|180px200px|thumb|De [[omslach]] fan in fantasyblêd út [[1952]].]]
'''''Fantasy''''' is in [[sjenre]] yn 'e [[literatuer]] en [[film]] dat yn 'e regel gebrûk makket fan [[tsjoenderij]] en oare boppenatuerlike ferskynsels as primêr ûnderdiel fan 'e plot of as motyf of dekôr, en dat fierhinne as in moderne fuortsetting beskôge wurde kin fan 'e [[myte]]n en de [[mearke]]s út it ferline. In grut diel fan 'e moderne literêre wurken dy't ta dit sjenre hearre, spylje har ôf yn optochte wrâlden dêr't tsjoenderij de noarm is, al binne der ek withoefolle fantasywurken dy't in oanpaste ferzje fan ús eigen wrâld beskriuwe. Fantasy kin ûnderskaat wurde fan it besibbe sjenre [[science fiction]] trochdat der gjin wittenskiplike ûnderbouwing plakfynt fan 'e ferhaaleleminten dy't ôfwike fan 'e wurklikheid. Der is lykwols frijwat oerlaping tusken de beide sjenres, dy't sadwaande ek wol gearfoege wurde ûnder de namme [[spekulative fiksje]].