Jouke Annes Bakker: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
L red
Rigel 25:
 
==Libben en karriêre==
Bakker wie de [[soan]] fan [[boere-arbeider]] Anne Joukes Bakker]] ([[1846]]-[[1937]]) en dy syn [[oarehelte|frou Tetje de Swart]] ([[1850]]-[[1931]]). Hy groeide op yn [[Menaam]], op it [[Fryslân|Fryske]] [[plattelân]], yn in [[húshâlding]] mei acht [[bern (persoan)|bern]] dy't it faak neat te rom hie. Bakker hie allinnich mar de [[legere skoalle]], mar wist him dochs oan syn [[earmoede|earmoedich]] [[komôf]] te ûnwrakseljen. Doe't er fjouwer jier wie, koed er al lêze, en hy koe mei acht jier al fan [[skoalle]]. Sadwaande kaam er al jong by de [[boer]] te wurkjen om jild te fertsjinjen. Doe't er wat âlder wie, gie er de [[hannel]] yn, wylst er safolle learde en lies as er koe. Dêrby spile syn lidmaatskip fan 'e Menamer kristlike jongelingsferiening in wichtige rol. Fierders waard er ek tige holpen troch [[dûmny]] [[H.W.M. Hupkes]], predikant te Menaam, dy't him oanfitere om him op te wurkjen.
 
Mei troch syn eftergrûn wie Bakker in sosjaal beflein man. Hy bejoech him yn 'e [[polityk]], en waard úteinlik as lid fan 'e [[CHU]] yn 'e [[Twadde Keamer]] keazen. It amt fan folksfertsjintwurdiger beklaaide er 27 jier lang, fan [[1918]] oant [[1945]]. Dêrnjonken siet er ek 36 jier yn 'e gemeenterie fan [[Menameradiel]] ([[1909]]-[[1941]]) en wurke er 25 jier lang mei oan it ferskinen fan it blêd ''De Banier'', letter ''Land en Volk''. Bakker hat ek in fearnsiuw oan 'e redaksje fan 'e ''Kristlik Histoaryske Nederlander'' meiwurke en hat jierren yn it haadbestjoer fan de ''Unie'' sitten.