Jeu de paume: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
oansetsje
 
Aliter (oerlis | bydragen)
ferskil makke tusken Jeu de Paume en hoftennis
Rigel 1:
'''Jeu de Paume''', wie it keatsspul sa't dat yn de [[Midsieuwen]] spyle waard. [[Muonts]]en spile it keatsspul binnen de muorren fan de [[kleaster]]s fan [[Itaalje]] en [[Frankryk]]. Die muorren makken it spul al oars, om't de bal hast net mear út spile wurde koe. It waard tastien en spylje de bal fia de muorre nei de oare side fan it fjild.
'''Jeu de Paume''', tsjintwurdich ek wol 'real tennis' neamd, is in keatsfoarm dy't yn de 17e en 18e ieu populêr wie yn Frankryk. Der waard spile op banen dy't in soad wei hawwe fan de tsjintwurdige tennisbanen, mar dan fansels sûnder racket.
 
Fansels hie elts kleaster syn eigen regels. Mar fan de [[11e ieu]] ôf kaam der, troch it reizgjen fan de muontsen, genôch oerienkomst om fan ien spul sprekken te kinnen, it "Jeu de Paume": "Spul fan de hân"; wy soenen sizze: "hânspul". It hânspul waard sa folle spyle dat de [[paus]] de muontsen yn de [[14e ieu]] it spyljen ferbean hat. Mar doe wie it spul al troch oaren, wêrûnder de ealju, oernaam.
 
Om 1500 hinne kaam út it "Jeu de Paume" it [[hoftennis]] fuort. Yn die tiid waard der mei wanten spile, dy't grutter en grutter waarden om fierder rikke te kinnen. Hjir wie in protte diskusje oer, of dat al of net in ferbettering waard. Mar mei it ynfieren fan trieden tusken de fingers, en dan it racket, feroare it spul sa folle dat it net langer as itselde spul sjoen wurdt. In úsûndering derby is Frankryk dêr't it hoftennis ek hjoed noch as "Jeu de Paume" oantsjut wurdt.
 
== Sjoch ek ==
* [[Skiednis fan it keatsen]]
* [[Oersjoch siden oer it keatsen]]