Ateïsme: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
No edit summary
Rigel 3:
'''Ateïsme''' is de ôfwêzichheid fan leauwen yn ien of meardere (persoanlike) [[god|goaden]], of de oanname dat er gjin god of goaden bestean kinne.
 
Yn de [[19e iuw]] wie de (herfoarme) folkstsjerke ferstive. It moraalpreekjen fan de moderne prekers as [[Hendrik Algra|Algra]] en it net ferstean fan de sosjale need (M. Staverman) ferfrjemde in soad arbeiders fan de tsjerke. Ek oare faktorenfaktoaren spilen dêryn mei (J.P. Kruyt). De bûtentsjerklikens groeide, benammen yn [[It Bilt]] en de feanstreken. Dy arbeiders waarden fetber foar it ateïsme dat propagearre waard troch de frijtinkers fan de [[Dagerea]] (1856 - 1957, fuortset ûnder namme ''De Vrije Gedachte''). De Fryske arbeider seach de earmoede om him hinne en koe net leauwe dat in god dêr de hân yn hawwe soe.
 
In soad leden fan de [[Folkspartij]] wiene militant ateistateïst, ûnder oare [[Vitus Bruinsma]]. Sosjalist en ateïst waarden ien begryp. De lettere [[SDAP]] stie alteast yn it begjin, praktysk op histoarysk-materialistysk stânpunt en wurke sa it ateïsme yn de hân. Hy wantroude elk kristlik begjinsel. Nei de [[Earste Wrâldoarloch]] sloech dat om. It wie net mear in strydberstriidber ateïsme mar folsleine ûnferskillichheid foar it kristendom oer. It [[Humanisme]] fong dêrfan in lyts, yntellektueel diel op. De Dagereagroep hie noch ynfloed ûnder de arbeiders dy't net trochleard hienen en guon yntellektuelen.
 
== Literatuer ==