Salomon Levy: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
No edit summary
B. (oerlis | bydragen)
LNo edit summary
Rigel 12:
 
====Kollumer oproer====
Syn belutsenens by it Kollumer Oproer fan [[3 febrewaris|3]] en [[4 febrewaris]] [[1797]] soe him lykwols needlottich wurde. De direkte oanlieding fan dizze opskuor wie de arrestaasje fan in drinkebroer, [[Abele Reitses]] dy't yn in herberch dy't lûd ferkundige dat alles stikken better wie doe't de prins der noch wie en Fryslân noch in autonoom gewest wie. Salomon Levy soe oanfierder west hawwe fan in ploech rebellen dy't Reitses yn Kollum ûntset hawwe. Boppedat soe hy de bekende patriot [[Abel Keuning]] drige hawwe ''oan repen te snijen''. Keuning waard letter by [[Dokkum]] yndied molestearre.
 
Levy Salomon hat altyd ûntkend dat hy de leider fan it oproer wie en sels twongen wie mei te dwaan. De tsûgen bestimpele hy as ûnbetrouwber en leagenêftich. Lykwols waard hy foar syn oanpart yn it oproer feroardiele ta de dea. Op 17 maart 1798 kaam Levy yn [[Ljouwert]] oan syn ein.
 
====Eksterne ferwizing====