Gnostyk: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
No edit summary
No edit summary
Rigel 7:
De net ferloste minske is 'himsels kwyt'. As gefolch dêrfan hat sa'n ien it kontakt my syn inerlik witten, de gnosis, ferlern. Wa't himsels kwyt is, libbet as in slaaf fan ûnpersoanlike machten. Dy steat fan ferfrjemding fan it wiere sels wurdt yn de gnostyske teksten op ferskillende wizen beskreaun. De meast brûkte term dêrfoar is 'de dwaling', yn de betsjutting fan 'it paad kwyt wêze'.
 
[[Jesus Kristus|JerzusJezus]] spilet yn de gnostyske teksten in folslein oare rol as yn it tradisjonele kristendom. Yn de gnostyk is Jezus in boadskipper dy't de minske opropt himsels wer yn it ûnthâld te bringen. De gnostyk jout net folle wearde oan it leauwen. Foar it leauwen stelt dy kristlike streaming de [[gnosis]] oer. Gnosis (Γνωσις) is it Grykske wurd foar kennis, en wurdt hjir brûkt yn de betsjutting fan kennis fan de wiere aard fan de minske.
 
In soad gnostyske teksten skriuwe dat Jezus foarstanner wie foar in radikale breuk mei it godsbyld fan it [[Alde Testamint]]. De god fan leafde dêr't Jezus it oer hie koe ûnmooglik deselde wêze as de wraaksuchtige en wrede God út it [[Alde Testamint]], leare dizze teksten. Froulju hienen yn de gnostyske mienskippen in lykweardige posysje oan manlju en koenen ek sakramintele funksjes útoefenje.