Salomon Levy: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
B. (oerlis | bydragen)
LNo edit summary
No edit summary
Rigel 2:
 
====Komôf====
Sa't syn namme al oanjout wie Salomon Levy fan joadske komôf. Hy waard om 1759 hinne berne yn de eardere Dútske steat Hessen. Hoe en wêrom Levy krekt yn de omkriten fan [[Kollum]] bedarre, is net bekend. Wol is it sa dat yn dy tiid in soad keaplju út de Dútske steat Hessen elts jier mei harren negoasje nei [[Nederlân]] tôgen. Fanwege de ôfwikende spoarbreedte fan harren karren hiene se sels in apart netwurk fan saneamde HessenwegenHessewegen. Sa'n [[HessenweiHessewei]] rûn fia [[Grins]] en Kollum nei [[Fryslân]]. Yn Kollum is noch altyd in stikje dyk dat HessenweiHessewei hjit.
 
Yn de 18e ieu wiene der tal fan beheinings foar joadske minsken. Se wiene net frij har te fêstigjen en waarden mar yn in pear beroppen talitten. Slachter en keapman wiene yn Grinslân de ienige beroppen dy't oan [[joaden]] tastien wiene en dat wie dus krekt wat Levy die.