Wite Tsjerkje (Gruttegast): ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
RomkeHoekstra (oerlis | bydragen)
Nije Side: {{Ynfoboks bouwurk | namme = Wite Tsjerkje | ôfbylding = Gruttegast, herfoarme tsjerke.jpg | ôfbyldingsbreedte = 275px | ôfbyldings...
(Gjin ferskil)

De ferzje fan 14 sep 2017 om 19.56

It Wite Tsjerkje (Witte Kerkje) is de eardere herfoarme tsjerke en tsjintwurdich ien fan de tsjerkegebouwen fan de PKN-gemeente Gruttegast-Sebaldebuorren.

Wite Tsjerkje
bouwurk
lokaasje
lân Nederlân
provinsje Grinslân
gemeente Gruttegast
plak Gruttegast
adres Rondweg 21
bysûnderheden
type bouwurk Tsjerke
monumintale status ryksmonumint
monumintnûmer 18772
offisjele webside
Side fan de gemeente

De tsjerke is in ienfâldige sealtsjerke, dy't boud waard yn de santjinde iuw. Yn 1829 waard de tsjerke hielendal ferboud en krige doe it hjoeddeiske oansjen. De sydmuorren en eftermuorre hawwe grutte rûnbôgefinsters. Yn de foargevel sitte trije rûne finsters. Op it wytpleistere tsjerkje stiet in 19e iuwske dakruter, dêr't in klok fan 1983 yn hinget. De âldere klok út 1611 is skuord en kin net mear brûkt wurde.

Yn de jierren 2004-2005 waard de tsjerke restaurearre. Doe binne der nije banken yn set en krige de tsjerke in preekstoel út Appelskea.

De tsjerke wurdt brûkt foar lytsere gearkomsten, lykas fesper-, rou- en troutsjinsten.[1][2]

Boarnen, noaten en referinsjes

Boarnen, noaten en/as referinsjes: