Treinramp by Ashtabula: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
L red
Rigel 18:
 
==Ramp==
Trein Nû. 5 fan 'e [[Lake Shore en Michigan Southern Railway]], mei as bynamme ''The Pacific Express'', ferliet it stasjon fan [[Erie (Pennsylvania)|Erie]], yn 'e steat [[Pennsylvania]], op 'e middei fan [[29 desimber|29 desimber]] [[1876]] yn westlike rjochting, wylst dy krite ûnder in tsjûk pak [[snie]] ferskûle gie. Twa [[lokomotyfStoomlokomotyf|lokomotiven]], de ''Socrates'' en de ''Columbia'', loeken mei-inoar alve [[treinwagon]]s, wêrûnder twa ekspreswagons, twa bagaazjewagons, in smokerswagon, twa passazjierswagons, trije sliepwagons en in [[wurkmanswagon]]. Yn totaal hie de trein 159 ynsittenden, ynkl. [[masinist]]en en [[kondukteur]]s.
 
Om likernôch healwei achten jûns stiek de trein yn 'e steat [[Ohio]] de rivier de [[Ashtabula (rivier)|Ashtabula]] oer tusken de plakken [[Ashtabula (Ohio)|Ashtabula]] en [[Edgewood (Ohio)|Edgewood]], op likernôch 300 m ôfstân fan it stasjon fan Ashtabula, doe't de spoarbrêge oer de rivier ynsakke. De foarste lokomotyf helle de oare kant, mar de twadde lokomotyf en alle wagons waarden losskuord en foelen sa'n 23 m de djipte yn, dêr't guon delkamen yn 'e rivier en guon op 'e rivierwâl. Ferskate wagons kamen yn in rjochtoppige posysje telâne op har efterkant. Troch it omleech tommeljen wiene [[oaljelampe]]n stikkenslein en [[stoof|ferwaarmingsstoven]] mei gleone koallen alle kanten útflein, mei as gefolch dat der yn 'e houtene wagons frijwol daliks in útslaande brân útbriek dy't mei gauwens oanwakkere ta in wier ynferno.