Galamadammen: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
Swarte Kees (oerlis | bydragen)
Nije Side: '''Galamadammen''' is in buorskip yn de gemeente Nijefurd. Galamadammen leit súdeastlik fan Koudum by it akwadukt yn it Johan Frisokanaal. {{stobbe}} [[Kategory:Nijefur...
 
Swarte Kees (oerlis | bydragen)
fan nl: ( Berjocht:koördinaten wurket noch net )
Rigel 1:
'''Galamadammen''' is in [[buorskip]] yn de gemeente [[Nijefurd]]. Galamadammen leit súdeastlik fan [[Koudum]] by it akwadukt yn it [[Johan Frisokanaal]].
It leit op it plak dêr't de [[Moarre]] en [[de Fluezen]] by inoar komme oan de dyk Balk-Koudum. Der is ek in grutte jachthaven by en in hotel-restaurant.
 
{{coördinaten|52_53_57_N_5_27_48_E_type:landmark_zoom:16_region:NL|52° 54' NB, 5° 28' OL}}
{{stobbe}}
 
== Akwadukt ==
[[Image:BuildingPitGalamadammen.JPG|thumb|Akwaduct Galamadammen yn oanbou]]
'''Galamadammen''' is ek de namme fan it [[Akwadukt (wetterboukunde)|akwadukt]] op de krusing fan de [[provinsjale dyk 356|N356]] en it [[Johan Frisokanaal]]. De bou is begûn yn [[desimber 2005]] en is neffens plan klear yn [[2007]]. It akwadukt bestiet út in súdeastlike [[oprit]] fan 193 m, in ticht tunneldiel fan 73 m en in noardwestlike oprit fan 203 m. Mei inoar 469 m.
 
It akwadukt hat twa rydbanen en in fytspaad. Boppe de noardwestlike oprit is in fuotgongersbrêge. Ut it neistlizzende hotel wei kin sa de provinsjale dyk oerstutsen wurde, yn de rjochting fan de [[jachthaven]]. Bylâns de súdlike ouwer fan it Johan Frisokanaal komt in [[ekosône]]. Bisten krije sa de gelegenheid om de provinsjale dyk oer te stekken.
 
It tichte diel is útfierd as [[sinktunnel]], sadat it krúsjende wetterferkear sa min mooglik lêst hat fan de bou-aktiviteiten. De besteande fytserstunnel oan de súdeastkant wurdt sloopt en de besteande fytserstunnel oan de noardkant (ek tunnel Galamadammen neamd) bliuwt bestean. As it akwadukt ienkear klear is wurdt de ophelbrêge ek sloopt.
 
===en dan noch dit:===
*oantal heipeallen: 282
*oantal liuwankerpeallen: 107
 
[[Kategory:Nijefurd]]