Beintemawei: ferskil tusken ferzjes
Content deleted Content added
No edit summary |
No edit summary |
||
Rigel 1:
De '''Beintemawei''' is in wei yn de uterste noardwesthoeke fan [[Westergeast]] en ûnderdiel fan de Wâlddyk. It komt der op del dat de Wâlddyk oer in ôfstân fan in pear hûndert meter in oare namme hat.
[[Ofbyld:Beintemahûs eastkant.JPG|thumb|250px|Sicht op Beintmahûs nei it westen fan de Beintmawei ôf]]
De namme Beintemawei is in optinksel fan de kommisje dy't yn [[1954]] advys útbrocht hat oer de strjitnammen yn [[Kollumerlân]]. Yn it rapport út dat jier stiet: "Weg vanaf driesprong naar Beintemahuis, Beintemawei, naar de fam. Beintema, die reeds in 1540 deze boerderij bewoonde". It giet dus om de wei fan de trijesprong ôf, dat wol sizze fan it punt ôf dêr't de Weardebuorsterwei op 'e Wâlddyk komt, oan [[Beintemahûs (buorskip)|Beintemahûs]] ta. Dêr moat dan wol by sein wurde dat de Beintemawei yn 1954 noch dearûn by de grins mei de gemeente [[Dantumadiel]], dat wol sizze krekt oer it brechje yn dizze wei. No is de sitewaasje dêr oars, want ein jierren sechstich is de wei yn it ramt fan de ruilferkaveling 'Dantumadiel' trochlutsen yn de rjochting fan [[Driezum]]. De nije ruilferkavelingswei op it grûngebiet fan Dantumadiel krige de namme Wouddijk/Wâlddyk en dat betsjut dat de Beintemawei sûnt dy tiid sawol oan de iene as oan de oare kant op 'e Wâlddyk útkomt. Mar dat koe de kommisje út 1954 fansels noch net witte. Dat der in wei neamd is nei de famylje Beintema, is op himsels net sa frjemd, want de Beintema's ha yn dizze omkriten iuwenlang in foaroansteande posysje ynnaam. Dêrop wiist ek al de namme Beintemahûs. Yn de
Friesche Naamlijst fan [[Johan Winkler]] wurdt dêrfan sein: "sate en gehucht onder Westergeest". Dêr wurdt dus mei bedoeld dat dit tagelyk de namme is fan in pleats (sate) en fan in buorrentsje (gehucht). De pleats mei de namme Beintemahûs is dy fan de famylje Kooisra. It buorrentsje mei deselde namme bestiet út twa pleatsen: dy fan de famylje Kooistra (Beintemawei 6) en dy fan de famylje Van der Beek (Beintemawei 7). Eartiids stie der noardlik fan earstneamde pleats noch in tredden ien, mar dy is yn de njoggentjinde iuw ôfbrutsen. Letter hat der yn Beintemahûs ek noch in dûbeld arbeidershûs stien, dat der no ek net mear is.
It bysûndere fan it buorrentsje Beintemahûs is dat it net oan de iepenbiere wei leit. Fan de Beintemawei ôf rint wol in smel weike nei de beide pleatsen ta, dy't dan yn it lân dearint, mar dy is net fan de gemeente. Neffens it kadaster heart dy tagongswei by de pleats Beintemahûs en it ferfolch, dat dus yn it lân ophâldt, by de oare pleats. As dy wei iepenbier west hie, dan hie dy yn 1954 grif de namme Beintemahûs krige, sa't doe ek de namme fan in oar buorrentsje, [[Keatlingwier]], oan in wei jûn is. Dan hie der fêst gjin ferlet west fan de namme Beintemawei en hie it eintsje wei dat no dy namme draacht, ek gewoan Wâlddyk neamd wurde kind. Mar de namme Beintemahûs koe net brûkt wurde en doe is de namme Beintemawei útfûn om de earder o sa foaroansteande famylje Beintema (of eins wienen it twa famyljes!) dochs noch mei in strjitnamme yn oantinken te hâlden. Yn it boek fan notaris [[Arnoldus Johannes Andreae|Andreae]] oer de skiednis fan Kollumerlân lêze wy dat de namme Beintemahûs (doe noch skreaun as Banthiemahuys) al yn 1543 foarkaam. Yn 1540, trije jier earder dus, wurdt in Sipcke Beintema as ynwenner fan Kollumerlân neamd en Andreae tinkt dat dy op Beintemahûs, dat wol sizze de pleats fan dy namme, wenne hat. Wy witte net safolle fan dy âlde famylje Beintema. Wol is bekend dat de lêste fan dat geslacht dy't op Beintemahûs wenne hat Eecke Douwes Beintema wie en dat dy de pleats yn [[1671]] ferkocht hat. Eecke hie in broer Oene, dy't advokaat yn Dokkum wie.
[[Kategory:Westergeast]]
|