Kleaster-Lidlum: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
Theun (oerlis | bydragen)
No edit summary
Swarte Kees (oerlis | bydragen)
fan nl: "Bericht Gemeente" is noch net goed
Rigel 3:
 
Oant de [[gemeentlike weryndieling]] yn [[1984]] makke Kleaster-Lidlum diel út fan de gemeente [[Barradiel]].
 
== Kleaster ==
Fan [[1254]] ôf stie hjir it [[Premonstratinzers|Premonstratinzer]] [[kleaster]] ''Vallis Mariae'' of ''Mariadal''. It wie yn [[1182]] út [[Mariengaarde]] wei stifte as [[kanunnik]]enkleaster, en lei yn it earstoan wat tichter by de [[Waadsee]] oan de
Kapellewei, mar it opkommen fan de see makke ferpleatsing djipper it lân yn seedsaaklik.
Nei ien fan de beide oprjochters waard it ek wol ''Lidlum'' neamd. Letter brochten se it ûnder de Premonstratinzer oarder.
 
Fanwege oerstreamingsgefaar waard it kleaster yn [[1232]] mear it lân yn setten, en yn 1254 ûnder Sibo Deimta, de fiifde abt fan it kleaster, nochris. Yn de [[13e ieu]] waard it kleaster nau belutsen by it ûnderhâlden fan de seediken fan de [[Middelsee]], en kaam hast hiel [[Boksum]] oan it kleaster. Yn it omwâle kleaster wennen doe sawat 600 minsken. Fanút it kleaster waarden de [[parochy|parochys]] fan [[Lytsewierrum]], [[Eastersee]], [[Berltsum]], [[Seisbierrum]], [[Spannum]], [[Winsum (Fryslân)|Winsum]], [[Tsjommearum]], [[Menaam]], [[Boazum]], [[Wjelsryp]], [[Hjerbeam]], [[Húns]], [[Baard (Fryslân)|Baard]], [[Easterlittens]], [[Britswert]] en [[Hoarn (Skylge)|Hoarn]] (Skylge) betsjinne. As Premonstratinzer kleaster keas it de kant fan de [[Fetkeapers]] en stried it ûnder oare tsjin de Roarda's fan Tsjommearum, mei de Sjaardema's fan Frjentsjer en sels meide skiere muontsen fan it kleaster [[Bloemkamp]].
 
Djiptepunt yn de skiednis fan it kleaster wie de moard op abt [[Eelko fan Liauckema]] op de úthôf yn Boksum op 22 maart [[1332]]. Eelko protestearre tsjin it sûpen en fleis iten yn de hillige fêsteltiid troch de bruorren. De manlju koenen dizze 'bekrompen' krityk net ferneare en sloegen harren geastlike heit mei in kneppel dea. Gjin bargehaskes mar wite roazen kamen út de mouwen fan syn pij foar ‘t ljocht. Eelko waard yn it lekengedielte fan de tsjerke begroeven en as martelder fereare. As sillige Eelko fan Liauckema komt hy noch altyd foar yn de hilligenkalender fan de Oarder fan Premonstreit.
 
Yn [[1572]] waard it kleaster plondere en ferwoasten. [[Caspar de Robles]] werstelde de oarder foar koarte tiid, mar om'e nocht. It besit fan it kleaster gie yn [[1580]] oer nei de [[Steaten fan Fryslân]].
 
Op it plak fan it kleaster ûntwikkele him in beskieden doarp dat yn de [[19e ieu]] as njoggende doarp fan de [[gritenij]] [[Barradeel]] gou.
{{GemeenteFranekeradeel}}
{{koördinaten|53_13_45_N_5_31_27_E_type:city_zoom:14_region:NL|53° 14' NB, 5° 31' OL}}
 
 
== Sjoch ek ==
* [[Fryske doarpen]].
 
{{stobbe}}
[[Kategory:Plak yn Fryslân]]
[[Kategory:Frjentsjerteradiel]]
[[Kategory:Barradiel]]