Ferskil tusken ferzjes fan "Laaksum"

651 bytes grutter ,  14 jier lyn
ûntwikkeling
(ûntwikkeling)
[[Ofbyld:Laaksum_haven.jpg|thumb|400px|It haventsje fan Laaksum ([[2005]])]]
'''Laaksum''' (''offisjeel Frysk'') is in [[buorskip]] by [[Warns]] yn de gemeente [[Nijefurd]], yn it suden fan [[Fryslân]]. Laaksum leit yn [[Nijefurd]], direkt oan de [[Iselmar]]. Somtiden wurdt Laaksum ek wol in ''doarp'' neamd, benammen ''"It lytste fiskersdoarp fan Jeropa"''.
 
== Untwikkeling ==
Yn [[1325]] hiet it '' Laxnum'' en yn [[1487]] wurdt it ''Laexum'' neamd. Yn [[1345]] komt de greve fan Hollan yn Laaksum oan lân om Fryslân oan te fallen.
Yn [[1718]] wienen der acht huzen yn Laaxum. Yn [[1851]] wienen dit seis.
Laaksum telde oan it begjin fan de tweintichste ieu sechtjin huzen en twa pleatsen. Der wennen mear as hûndert minsken. Neikommende famyljes wennen der doe: Visser (10), Vogelzang (2), de Vries (3), Heijes, Bakker en Boersma.
Tsjintwurdich steane noch alve huzen en in pleats yn Laaksum.
 
 
==Fiskerij==
Yn 1500 wie Laaksum al bekend troch de botfiskerij op it Frouwesân. Yn [[1680]] wurdt melding makke fan ielfiskers yn Laaksum.
Fan de fiskerij is yn Laaksum nei it ôfsluten fan de [[Sudersee]] suver neat mear oer. Allinne it gebou dêr't earder de [[hearring]] sâlte en rikke waard, [[bokkenhang|de Hang]] neamd, is noch as boufal oanwêzich. Oant krekt nei de [[Twadde Wrâldkriich]] waard dêr alle dagen skrept om de moarns oanfierde hearring jûns op'e tiid op de trein yn [[Starum]] te krijen. De fisk waard as [[Lemster bokken]] meast ferkocht nei [[Dútslân]].
 
== Keppeling om utens ==
*[http://www.mnopr.com/laaxum/ Webstee oer Laaksum]
 
 
<gallery>
56.981

bewurkings