Afûk: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
B. (oerlis | bydragen)
No edit summary
 
B. (oerlis | bydragen)
LNo edit summary
Rigel 1:
De '''Algemiene Fryske UnderrjochtKommisje (Afûk)''' is in kulturele ynstelling yn [[Ljouwert]] mei in ferskaat oan taken en projekten. De ynstelling bestiet sûnt [[1924]]. Yn [[1938]] hat de [[Fryske Akademy]] har as in selsstannige organisaasje fan de Afûk losmakke.
 
deDe meast yn it each rinnende funksje fan de Afûk is dy fan boekhannel. De Afûk ferkeapet benammen boeken op it mêd fan de Fryske taal en kultuer en hat ek in lyts oanbod fan cd's.
 
De Afûk is ek útjouwer. Alle jierren wurde tsientallen boeken útbrocht. Dêr ûnderDêrûnder binne in soad learmiddels oer de Fryske taal, kultuer en skiednis, mar ek Frysktalige romans en berneboeken. De Afûk is ek de útjouwer fan it opinyblêd [[De Moannne]] en it ûnderwiistydskrift [[De Pompeblêden]].
 
Fierder is de Afûk in kursusynstitút foar saken dy't Fryslân har taal en kultuer oanbelangje. Dêrûnder binne stoomkursussen Frysk op [[Skylge]], kursussen stavering, skriuwfeardigens, skiednis en Aldfrysk.
Rigel 9:
De Afûk beskikt ek oer in taaladfysburo, it [[stipepunt Frysk]] en in oerset ôfdieling. It stipepunt foarmet de redaksje fan de wyklikse [[F-side]], in Fryske side mei lichte kulturele nijtsjes yn de [[Leeuwarder Courant|Ljouwerter]] en it [[Friesch Dagblad|Deiblêd]].
 
Fierder wurket de âfûkAfûk oan learplanûntwikkeling, sawol foar de eigen kursussen as foar it Fryske taal- en kultuerûnderwiis op skoallen.
 
De âfûkAfûk docht ek oan stimulearingsregelingen foar begjinnende Fryske skriuwers. Yn 2004 hat se yn gearwurking mei it ynternettydskrift [[Doar]] de [[Junior Rely]] ynsteld, in skriuwrspriisskriuwerspriis foar learlingen fan it fuortset ûnderwiis.
 
Oare projekten dêr't de Afûk oan meiwurket of meiwurke hat binne binne it digitale faklokaal Frysk op ynternet, it foarljochtingsprojekt [[Tomke]] oer it meartalich grutbringen fan bern en de telefysjetaalkwis[[Tûkelteammen]].