Nijekleaster (Skearnegoutum): ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
Swarte Kees (oerlis | bydragen)
kleaster
(Gjin ferskil)

De ferzje fan 15 aug 2007 om 16.57

Nijekleaster, earder "kleaster Aula Dei" of "Godshôf" neamd, wie in nonnekleaster fan de Sistersjenzer oarder ûnder Skearnegoutum. Der steane no alinnich noch mar in pear pleatsen.

It waard yn 1233 stiften troch Dodo, de abt fan Bloemkamp op de lannen en út de middelen fan Ubald. Ubald hie syn belofte dien yn Bloemkamp en doe't hy ferstoar op 28 augustus 1240 waard yn it kleaster Aula dei begroeven. Doe't it Nije Kleaster klear wie kamen de susters fan it kleaster Sion út East-Dongeradiel der yn.

It stie ûnder tafersjoch fan Bloemkamp oant 1572 doe't it ferwoaste waard.