Grand Slam (bom): ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
Rigel 4:
 
== Skiednis ==
De ûntjouwing fan in gruttere ferzje fan de Tallboy waard mei úteinset op [[18 july]] [[1943]]. Yn [[1945]] waard de bom yn produksje nommen. Lykas de Tallboy, hie de Grand Slam ek sturtfinnen foar it stabilisearjen fan de flecht fan de bom.<ref>[http://www.constable.ca/bombs.htm ''English Bombs of WWII'' yn Canadian Aces; sjoen 2008-02-25]</ref> Teffens hie de bom in dikker omhulsel as standerdbommen, sadat de bom mear penetraasjekrêft krige.
 
It meitsjen fan in Grand Slam duorre minstens in moanne, omdat de raande [[Torpex]] sa lang ôfkuolje moast neidat it in winske foarm getten wie. Dat de produksje fan de bommen wie leech en der waard sunich mei omgien. Fleanmasines mochten eventuele Grand Slam-bommen dy't sy nei in bombardemint noch oan board hienen net foar de lâning yn de see smite, sa't oars wol wenst wie.<ref>Flower "Bombs", s.335</ref>