Orgasme: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
nije side
 
Rigel 2:
 
==By de minske==
[[File:ZmurkoFranciszek Sinnenrausch.png|thumb|right|200px|''Sinnenrausch'' (om 1890), troch [[Franciszek Żmurko]]]]
By de minske wurdt in orgasme feroarsake troch stimulaasje fan 'e [[penis]] (benammen de [[nút (lichemsdiel)|nút]]) en/of de [[prostaat]] by [[man (sekse)|manlju]] en de [[fagina]] (benammen de [[klitoris]] en/of it [[G-plak]]) by [[frou]]lju. (Hoewol't de [[wittenskip]] oant yn 'e [[tweintichste iuw]] miende dat froulju gjin orgasme belibje koene.) By manlju giet in orgasme mank mei [[ejakulaasje]] fan [[sperma]] út 'e [[testikels]] fia de [[urinebuis]]. It is lykwols ek mooglik foar manlju om in orgasme te hawwen sûnder te ejakulearjen, in saneamd [[drûch orgasme]] of omkeard orgasme (wêrby't de útstjit fan sperma nei de [[blaas (orgaan)|blaas]] giet ynstee fan fia de penis nei bûten ta). Ek is it mooglik om yn it gefal fan in [[útstelde ejakulaasje]] (foar in diel) te ejakulearjen sûnder dat der (al) in orgasme berikt is. By froulju kin by it berikken fan in orgasme [[froulike ejakulaasje]] fan [[faginaal focht]] plakfine.