Grand Theft Auto: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
Rigel 1:
Poahhh wat n leuk spelleke
[[Ofbyld:Mural ad GTA IV NYC.jpg|thumb|right|300px|Reclame foar GTA IV]]
'''Grand Theft Auto''' is in rige [[fideospultsje]]s makke troch [[Rockstar North]] (foarhinne DMA Design) yn produksje fan [[Rockstar Games]]. De earste ferzje kaam út yn [[1997]]. De [[Grand Theft Auto (fideospultsje)|earste ferzje]] is yn de iere njoggentiger jierren útbrocht; dêrfoar kamen ek noch twa applikaasjes dy't [[Grand Theft Auto: Londen, 1969]] en [[Grand Theft Auto: Londen, 1961]] hite, dy't yn de sechtiger jierren ôfspylje. It twadde diel krige de namme [[Grand Theft Auto 2]].
 
De nije GTA's wienen makke yn 3D; dat hat ynfloed hân op it spyljen fan it spultsje. De earste yn de GTA 3D rige, mei de namme [[Grand Theft Auto III]], spile him ôf yn de stêd ''Liberty City'', in firtueel fermidden dat in protte oerienkomsten hie mei [[New York City|New York]]. Dêrnei kaam [[Grand Theft Auto: Vice City]] út; dat spultsje spilet him ôf yn ''Vice City'', it [[Miamy]] fan de tachtiger jierren. De lêste ferzje is [[Grand Theft Auto: San Andreas]] dy't him ôfspile yn de steat ''San Andreas'' mei de trije haadstêden ''Los Santos'' ([[Los Angeles]]), ''San Fierro'' ([[San Francisco]]) en ''Las Venturas'' ([[Las Vegas]]). Dy lêste ferzje hat in ferbettering west yn ferliking mei de oare GTA's omdat it gebiet folle grutter wie.
 
[[Grand Theft Auto IV]] waard offisjeel kundich makke by de Microsoft 2006 E³ parsekonferinsje op [[10 maaie]] [[2006]]. Oarspronklik soe GTA IV op [[16 oktober]] [[2007]] útkomme, mar it kaam úteinlik [[29 april]] [[2008]] op 'e merk, spylber op de [[Xbox 360]] en [[PlayStation 3]]. Op 'e nij spilet it spultsje him ôf yn Liberty City, mar Liberty City liket yn dizze nije ferzje folle persizer op New York.
 
Der hat in soad opskuor west oer Grand Theft Auto, dat neffens guon ekstreem gewelddiedich wêze soe en minsken der ta oansette soe oaren te fermoardzjen.
 
== Keppeling om utens ==
* [http://www.rockstargames.com/grandtheftauto/ Grand Theft Auto hiemside]
 
[[Kategory:Amerikaansk fideospultsje]]
[[Kategory:Fideospultsje út 1997]]