Geweld: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
nije side
 
L typfl
Rigel 18:
Geweld tsjin jinsels kin [[selshoffening]] of [[selsmoard]] wêze. Geweld tsjin oaren sûnder dat dêr deaden by falle, wurdt oer it algemien oantsjut as [[mishanneling]]. Dêrfan besteane ferskate soarten, lykas [[frouljusmishanneling]], [[bernemishanneling]] en [[bistemishanneling]]. Geweld tsjin oaren oant de dea derop folget, is [[moard]]. [[Húslik geweld]] is geweld tsjin leden fan 'e eigen [[húshâlding]]. [[Sinleas geweld]] is in oantsjutting foar geweld omreden fan it geweld sels, yn 'e regel yn it [[útgeansgelegenheid|útgeanssirkwy]]. Ynstitúsjonalisearre kollektyf geweld troch [[lân|lannen]] en oare [[organisaasje]]s wurdt [[oarloch]] neamd. [[Seksuële mishanneling|Seksueel geweld]] wurdt dien omreden fan [[seksuële opwining]], en kin him uterje yn [[seksuële yntimidaasje]], [[seksuële oantaasting]] of [[ferkrêfting]].
 
Op wrâldnivo resultearre geweld yn it [[jier]] [[2013]] yn 'e dea fan nei skatting 1.280.000 minsken, in oansjenlike taname yn ferhâlding mei de likernôch 1.130.000 minsken dy't yn [[1990]] troch geweld om it libben kamen. De stjergefallen fan [[2013]] koene opdield wurde yn likernôch 842.000 [[selsmoard]]en; 405.000 gefallen fan ynterpersoanlik geweld (d.w.s. [[misdriuw]]een); en 31.000 gefallen fan kollektyf geweld (ynkl. [[oarloch]] en [[deastraf]]fen). It measte geweld kaam yn [[2013]] yn [[Afrika]] foar, dêr't fan eltse 100.000 minsken 60,9 troch geweld om it libben kamen.
 
Fan 'e 405.000 gefallen fan ynterpersoanlik geweld yn [[2013]] waarden likernôch 180.000 feroarsake troch it gebrûk fan in [[fjoerwapen]] (wêrfan de measten yn 'e [[Feriene Steaten]]), wylst 114.000 troch it gebrûk fan in skerp foarwerp ombrocht waarden en de restearjende 111.000 op oare manearen. Foar elts stjergefal troch geweld binne der tûzenen ferwûnings troch geweld, dy't liede ta hûnderten [[dokter]]sbesiken en tsientallen opnames yn it [[sikehûs]]. Foar slachtoffers dy't geweld oerlibje, hat harren ûnderfining gauris libbenslange negeative konsekwinsjes, lykas [[lichaamlike beheining]]s, [[psychology]]ske [[trauma|trauma's]], [[eangst]], in oanhâldend gefoel fan ûnfeiligens, it ferlies fan [[fertrouwen]] yn oare minsken, ensfh.