Jynx Maze: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
 
Rigel 20:
Jynx Maze is hikke en tein yn [[Long Beach (Kalifornje)|Long Beach]], yn 'e [[Amerikaanske steaten|steat]] [[Kalifornje]], ien fan 'e gruttere foarstêden fan [[Los Angeles]]. Fan har heitekant hat se [[Ieren (folk)|Iersk]] en [[Skotten|Skotsk]] bloed, wylst har mem oarspronklik út [[Perû]] kaam. Koart nei't se ein [[2008]] mearderjierrich wurden wie, sette Maze útein mei wurk as [[stripper]] yn in [[stripklub]] yn [[Chico (Kalifornje)|Chico]], yn noardlik Kalifornje.
 
Yn febrewaris [[2010]], doe't se 19 jier wie, makke se har debút yn in [[pornografyske film]]. Har earste [[pornografy]]ske optreden wie yn in diel fan 'e ''Public Disgrace''-rige fan pornowebside ''Kink.com''. Neffens de ''[[Internet Adult Film Database]]'' (IAFD) hat se sûnt yn mear as 165 pornofilms spile, û.m. foar sokke foaroansteande labels as ''[[Evil Angel (filmstudio)|Evil Angel]]'', ''[[Pure Play Media]]'', ''[[Elegant Angel]]'', ''[[Jules Jordan Video]]'', ''[[Digital Playground]]'', ''[[Hustler Video]]'', ''[[Devil's Film]]'' en ''[[Zero Tolerance (filmstudio)|Zero Tolerance]]''. Ek hat se in protte wurke foar pornosites as ''[[Brazzers]]'' en ''[[Kink.com]]''. Dêrby spesjalisearret se har yn [[anale seks]]. Se hat ûnderwilens sân nominaasjes yn 'e wacht sleept foar in ''[[AVN Award]]'' (de ''[[Oskar]]'' fan 'e pornowrâld). Yn [[2012]] waard derfan grute dat Maze in relaasje hawwe soe mei kollega-pornoakteur [[Jordan Ash]].
 
==Prizen en nominaasjes==