Angelica Raven: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
L Bewurkings fan "2405:9800:B404:F13D:5D2D:649E:1B6F:164" (oerlis) werom set ta de ferzje fan "Ieneach fan 'e Esk".
 
Rigel 20:
Angelica Raven waard yn [[1983]] berne yn 'e stêd [[New York (stêd)|New York]], yn 'e wyk [[De Bronx]], mar har gesin ferfear guon jierren letter nei de [[Amerikaanske steaten|steat]] [[Tennessee]], dêr't se nei de middelbere skoalle gie yn it plak [[Soddy Daise (Tennessee)|Soddy Daise]]. Se helle har diploma yn [[2001]], en troude noch datselde jiers. Har earste betelle baan hie se yn in restaurant fan it keatling O'Charley's. Yn [[2004]], doe't se 21 jier wie, rûn har houlik op in skieding út en koart dêrnei makke se har debút yn in [[pornografyske film]].
 
Neffens de ''[[Internet Adult Film Database'']] (IAFD) hat Raven sûnt yn mear as 80 pornofilms spile, û.m. foar sokke foaroansteande labels as ''[[Wicked Pictures]]'', ''[[Vivid Entertainment]]'', ''[[Evil Angel (filmstudio)|Evil Angel]]'', ''[[Zero Tolerance (filmstudio)|Zero Tolerance]]'', ''[[New Sensations (filmstudio)|New Sensations]]'', ''[[Elegant Angel]]'', ''[[Jules Jordan Video]]'', ''[[Adam & Eve (bedriuw)|Adam & Eve]]'', ''[[Anabolic Video]]'', ''[[Penthouse (fideolabel)|Penthouse]]'', ''[[Hustler Video]]'', ''[[Diabolic Video]]'', ''[[Red Light District]]'', ''[[Pure Play Media]]'', ''[[Devil's Film]]'', ''[[The Score Group|Score]]'' en ''[[Shane's World]]''. Ek hat se wol wurke foar pornosites as ''[[Reality Kings]]'' en ''[[Kink.com]]''. Yn [[2010]] waard Raven nominearre foar in ''[[AVN Award]]'' (de ''[[Oskar]]'' fan 'e pornowrâld). Se wenne lange tiid yn en wurke fanút [[Atlanta]], yn 'e steat [[Georgia]], mar ferhuze begjin [[2012]] nei [[Los Angeles]].
 
==Prizen en nominaasjes==