Aurora Jolie: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
L red
Rigel 20:
Aurora Jolie waard yn [[1988]] berne yn it [[Itaalje|Italjaanske]] [[Napels]], dêr't har âlden, dy't allebeide yn it [[Amerikaanske Leger]] tsjinnen, doe stasjonearre wiene. Hja groeide grutdiels op yn 'e [[Amerikaanske steaten|steat]] [[Firginia]], en waard strang [[kristendom|kristlik]] grutbrocht. Se makke de [[middelbere skoalle]] ôf oan 'e John Burrough High School yn it [[Kalifornje|Súdkalifornyske]] [[Burbank (Kalifornje)|Burbank]], ûnder de reek fan [[Los Angeles]]. Neitiid wurke se in hoartsje yn in [[krudenierswinkel]], mar nei eigen sizzen wie se dêr tige ûngelokkich, mei't se derfan dreamde om [[model (berop)|model]] te wurden en yn 'e ''[[Playboy]]'' te stean.
 
Sadwaande reägearre Jolie op in advertinsje wêryn't frege waard om figuermodellen. Fan it iene kaam it oare, en yn [[augustus]] [[2006]], doe't se achttjin jier wie, makke se har debút yn 'e [[pornografyske film]] ''Dirty Debutantes 361''. Neffens de ''[[Internet Adult Film Database'']] (IAFD) hat se sûnt yn krapoan 120 pornofilms spile, û.m. foar sokke foaroansteande labels as ''[[Red Light District]]'', ''[[Evil Angel (filmstudio)|Evil Angel]]'', ''[[Platinum X Pictures]]'', ''[[Black Ice (filmstudio)|Black Ice]]'', ''[[Jules Jordan Video]]'', ''[[Devil's Film]]'', ''[[Anabolic Video]]'', ''[[Digital Playground]]'', ''[[Hustler Video]]'', ''[[Pure Play Media]]'', ''[[Zero Tolerance (filmstudio)|Zero Tolerance]]'', ''[[Diabolic Video]]'', ''[[Vivid Entertainment]]'', ''[[West Coast Productions]]'' en ''[[Adam & Eve (bedriuw)|Adam & Eve]]''. Ek hat se in protte wurke foar pornosites as ''[[BangBros]]'' en ''[[Reality Kings]]''.
 
Jolie stiet bekend om har bûtenproporsjoneel grouwe [[stút (efterst)|stuten]] en teffens om har bewearing dat se [[fagina]]al noch [[fammesteat|faam]] is. Nei eigen sizzen bewarret se harsels op dat mêd foar de wiere Jakob, of alteast foar in wiere [[leafde]]. Jolie spilet dan ek inkeld yn [[orale seks|orale]] en [[anale seks|anale]] sênes, wat har grutte populariteit opsmiten hat. Yn [[2008]] wûn se in ''[[Urban X Award]]'' en waard se nominearre foar in ''[[AVN Award]]'' (de ''[[Oskar]]'' fan 'e pornoyndustry) foar bêste anale sekssêne foar de film ''Cum in My Booty''. Yn [[2009]] waard by Jolie de [[genetika|genetyske]] [[hert]]sykte [[hypertrofyske obstruktive kardiomyopaty]] (HOCM) fêststeld.