Gina Lynn: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
kt
 
Rigel 20:
Gina Lynn waard berne yn [[Mayagüez (Porto Riko)|Mayagüez]], op [[Porto Riko]], mar ferfear doe't se fiif jier wie mei har heit en mem nei de [[Feriene Steaten]], dêr't se opgroeide yn [[Jackson Township (Nij-Jersey)|Jackson]], yn 'e [[Amerikaanske steaten|steat]] [[Nij-Jersey]]. Yn [[1993]], doe't se njoggentjin jier wie, begûn se te wurkjen as [[stripper]] yn in [[stripklub]] oan 'e saneamde ''[[Jersey Shore]]'' ("Jerseykust"), yn [[Asbury Park]]. Op in stuit waard har doe frege om te posearjen foar [[neakenblêd]]en, lykas ''[[Chéri (tydskrift)|Chéri]]'', dêr't se yn [[1997]] yn stie. Se waard as [[neakenmodel]] sa populêr dat har frege waard oft se net guon [[lesbiënne|lesbyske]] [[pornografyske film|pornofilms]] meitsje woe. Gina Lynn gie dêr op yn en makke har debút yn in pornografyske film yn [[1999]].
 
Yn [[2001]] die se har earste [[heteroseksualiteit|heteroseksuële]] sêne yn in film foar de studio ''[[Pleasure Productions]]'', dêr't se doe in kontrakt by rinnen hie. Sûnt spile se neffens de [[Internet Adult Film Database]] (IAFD) yn hast 180 pornofilms, oant se yn [[2012]] oankundige net mear as aktrise wurkje te sillen. Mei har aktearwurk hat se ien kear in ''[[AVN Award]]'' (de ''[[Oskar]]'' fan 'e pornowrâld) wûn, wylst se 11 nominaasjes yn 'e wacht sleept hat. Boppedat waard se yn [[2010]] ynhuldige as lid fan 'e ''AVN Hall of Fame''. Fan [[2004]] ôf regissearre Gina Lynn sels ek films; oant [[2013]] binne dat der 28. Yn [[2004]] rjochte se, tegearre mei har man, pornoakteur en -regisseur [[Travis Knight]], in eigen filmstudio op, ''[[Gina Lynn Productions]]''. Yn [[2012]] stie se nochris yn 'e ''[[Penthouse]]'' as de ''[[Penthouse Pet]]'' fan 'e moanne april.
 
Njonken har pornokarriêre figurearre Gina Lynn ek yn [[fideoklip]]s fan 'e [[rapper]]s [[Eminem]] (fan it nûmer ''Superman'') en [[Vinnie Paz]] (fan it nûmer ''Keep Movin' On''). Fierders wie se in figurante yn 'e ''mainstream''-films ''[[Analyze That]]'' en ''Minghags''. Yn [[2004]] hie se in lyts (pratend) roltsje as stripper yn in ôflevering fan 'e misdiesearje ''[[The Sopranos]]''.