Ferskil tusken ferzjes fan "Shane (pornografysk aktrise)"

L
(kt)
L (→‎Libben: red)
 
 
==Libben==
Shane waard berne yn 'e stêd [[Simi Valley (Kalifornje)|Simi Valley]], yn it suden fan 'e [[Amerikaanske steaten|Amerikaanske steat]] [[Kalifornje]], net fier fan [[Los Angeles]] ôf. Se gie nei de [[middelbere skoalle]] yn [[Lawndale (Kalifornje)|Lawndale]]. Yn [[1993]], doe't se 24 jier wie, makke se har [[debút]] yn in [[pornografyske film]]. Jierrenlang wurke se nau gear mei pornoprodusint, -regisseur en -akteur [[Seymore Butts]], mei wa't se yn it echt ek in [[ynterpersoanlike relaasje|relaasje]] hie. Yn [[1996]] rjochte se har eigen pornografyske filmstudio op, ûnder de namme ''[[Shane's World]]'', en sette se njonken har aktearwurk ek útein mei it regissearjen en produsearjen fan har eigen films, wêrûnder de bekroande [[gonzopornografy|gonzo]]-searje ''Shane's World''.
 
Yn [[1997]] rekken Shane en Seymore Butts mei slaande rûzje útinoar. Datselde jiers noch, op [[3 maaie]], troude Shane mei de muzikant [[Bobby Fernandez-Hewitt]], fan 'e band ''[[Orgy (band)|Orgy]]''. Doe't se yn [[1999]] yn ferwachting rekke, loek se har út 'e pornoyndustry werom, en ferkocht se har filmstudio. De nije eigners besleaten de namme ''Shane's World'' te hanthavenjen, en de studio is noch altiten aktyf, al hat Shane der dus sûnt 1999 al neat mear mei te krijen.
 
Op [[15 maaie]] [[2000]] kaam Shane en Bobby harren soan Gavin te wrâld, yn 'e simmer fan [[2002]] folge troch in twadde bern. Neitiid wie Shane fan [[2002]] oant [[2004]] wer aktyf as pornoaktrise, en letter makke se yn [[2007]] nochris in koart duorjende ''comeback'' foar de film ''Shane and Friends''. Yn totaal spile se neffens de [[Internet Adult Film Database]] (IAFD) yn 89 pornofilms, al hie se yn mear as 40 dêrfan in net-pornografysk kameoroltsje. Fierders regissearre se 43 pornofilms. Mei har wurk wûn se ferskate prizen, wêrûnder in ''[[AVN Award]]'' (de ''[[Oskar]]'' fan 'e pornowrâld), en teffens waard se yn [[2007]] ynhuldige as lid fan 'e ''AVN Hall of Fame''.
 
==Prizen en nominaasjes==