Luma Carioca: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
 
Rigel 18:
 
==Libben en karriêre==
Luma Carioca waard yn [[1966]] berne yn 'e [[Brazylje|Brazyljaanske]] wrâldstêd [[Rio de Janeiro]], dêr't hja ek opgroeide. Yn [[1995]], doe't se 29 jier wie, makke se har debút yn in [[pornografyske film]]. Neffens de ''[[Internet Adult Film Database'']] (IAFD) spile se yn totaal yn seis pornofilms, wêrûnder twa fan it [[Sweden|Sweedske]] ''[[Private (filmstudio)|Private]]''-label (''Private Castings X 20'' en ''Samba''), en ien fan 'e foaroansteande [[Feriene Steaten|Amerikaanske]] studio ''[[VCA Pictures]]'' (''Tropica Erotica''). Ek wurke se foar de minder bekende Amerikaanske labels ''Video Team'' en ''Leisure Time Entertainment''.
 
Njonken har aktearwurk wie Carioca ek as [[neakenmodel]] aktyf. Neffens har offisjele opjefte wie hja ûnder har karriêre 1.65 m lang, mei in gewicht fan 50 kg en kupmaat 34D, dêr't se oan kommen wie troch in [[boarstfergrutting]]soperaasje te ûndergean. Uteinlik loek se har yn [[1996]], nei in jier, oardel, út 'e [[porno]]yndustry werom.