Chloe Vevrier: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
kt
Rigel 25:
[[File:Vevrier Chloe Adult Ent Expo 2006.jpg|thumb|left|225px|Chloe Vevrier op it ''AVN Entertainment Expo'' fan [[2006]].]]
 
Yn 't earstoan die Vevrier allinnich [[masturbaasje]]fideo's, mar stadichoan kaam dêr [[lesbiënne|lesbyske]] [[pornografy]] by mei oare [[grutte-boarstesjenre|grutte-boarstestjerren]], lykas [[Danni Ashe]], [[Traci Topps]] en [[Busty Dusty]]. Se wurke dêrby fral foar ''Score'' en guon oare studio's dy't har spesjalisearje yn it [[grutte-boarstesjenre]], lykas ''[[Napali Video]]'' en ''[[Big Top Video]]''. Pas yn [[1999]] die Vevrier har earste [[heteroseksualiteit|heteroseksuële]] sêne, yn 'e film ''Ultimate Chloe''. Har iennichste oare heteroseksuële pornofilm, ''Ultimate Encore'', kaam yn [[2000]] út. Yn totaal spile Vevrier, neffens de ''[[Internet Adult Film Database'']] (IAFD), yn 38 pornofilms, al hie se yn 11 dêrfan in net-pornografyske rol.
 
Vevrier wie fierders ien fan 'e wichtichste dielnimsters oan 'e earste ''Boob Cruise'' dy't ''Score'' organisearre: in farfakânsje foar trouwe lêzers fan it tydskrift, wêrby't Vevrier en oare grutte-boarstemodellen, wêrûnder [[Tawny Peaks]] en [[Lisa Lipps]], jûns dûnsen en stripten en oerdeis op freonskiplike wize mei de mannen omgiene. De reis, op in ''[[tallship]]'', sette ein july [[1994]] útein fanôf [[Grenada]] en folge in meänderjende koerts troch it [[Karibysk Gebiet]]. It barren bliek sa populêr dat ''Score'' der in jierliks evenemint fan makke, en Vevrier sylde ferskate jierren efterinoar mei.