Julia Channel: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
Rigel 18:
 
==Libben==
Channel groeide op yn 'e Frânske haadstêd [[Parys]], as de dochter fan in Fransêze dy't foar in part fan [[Itaalje|Italjaansk]] komôf wie en in heit dy't út it [[Afrika]]anske [[Maly]] kaam. (Underskate boarnen wolle hawwe dat har heit in [[Egypte|Egyptner]] wie, mar yn har [[autobiografy]] hâldt Channel út dat er in Malinees wie, en sy sil it sels wol it bêste witte, tink.) Hja begûn har karriêre yn 'e iere 90-er jierren, doe't se neaken posearre foar blêden as de ''[[Playboy]]'' en de ''[[Penthouse]]'' (febrewaris [[1992]]). Se makke har debút yn in [[pornografyske film]] yn [[1992]]. Yn totaal spile se neffens de [[Internet Adult Film Database]] (IAFD) yn likernôch 120 pornofilms, de measten fan itsij Frânske, itsij Italjaanske makkelei. It lêste jier fan har pornokarriêre brocht Channel troch yn 'e [[Feriene Steaten]], dêr't se in kontrakt ôfsleat mei it label ''[[Vivid Entertainment]]'', en û.o. mei [[regisseur]] [[Andrew Blake]] wurke. Yn [[1996]] liek it der eefkes op dat se it [[HIV]]-firus oprûn hie. Aldergeloks rûn dat mei in skamper ôf, mar Channel wie der wol sa kjel fan wurden dat se har weromloek út 'e pornoyndustry. Yn [[1998]] wûn se in eare-''[[Hot d'Or]]'' (of in ''Hot d'Or d'honneur'') foar har hiele oeuvre (de ''Hot d'Or'' is de wichtichste [[Jeropa|Jeropeeske]] pornografypriis).
 
Njonken har pornokarriêre, en nei't se dy beëinige hie, spile se ek yn guon ''[[mainstream'']]-films, lykas ''Les Truffes'' ([[1994]]), wêrby't har tsjinspiler [[Jean Reno]] wie, ''Frères'' (1994), ''Coup de Vice'' (1996) en ''Recto/Verso'' ([[1999]]). Fierdersoan hie se ek de haadrol yn in searje eroatyske (mar net [[pornografy]]ske) tillefyzjefilms[[tillefyzjefilm]]s dy't produsearre en útstjoerd waarden troch de Frânske stjoerder [[M6 (stjoerder)|M6]], en presintearre se yn [[2001]] it tillefyzjeprogramma ''Le Journal du Hard'', op [[Canal+]]. Ek wie se te sjen yn in stikmannich [[hiphop]]-[[fideoklip]]s, wêrûnder dy fan 'e nûmers ''Course Vite'group'', fan 'e Frânske band ''Silmarils'' ([[1995]]), en ''Judgement Day'', fan 'e Amerikaanske [[rapper]] [[Method Man]] ([[1998]]). Boppedat presintearre se it muzykprogramma ''Hip Hop Channel'' foar de stjoerder [[MCM (stjoerder)|MCM]]. Yn [[2010]] sette se útein mei har eigen karriêre as sjongster en brocht de single ''All I Want'' fan har debútalbum ''Colours'' út. Yn 'e fideoklip fan har nûmer ''Forever in a Day'', út [[2012]], spile de fuotbalspiler [[Didier Drogba]] mei. Julia Channel skreau yn [[2008]] har [[autobiografy]], titele ''L'Enfer Vu du Ciel'' ("De Hel Besjoen út 'e Himel Wei"). Yn 2010 sette se fierders ek noch in eigen datingwebside foar allinnichsteanden op ûnder de namme ''Mecacroquer''.
 
==Prizen en nominaasjes==