Rita Cardinale: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
 
Rigel 18:
 
==Libben en karriêre==
Cardinale waard yn [[1975]] [[berne]] yn 'e [[Hongarije|Hongaarske]] haadstêd [[Boedapest]]. Se makke yn [[1997]] mei 22 [[jier]] har [[debút]] yn in [[pornografyske film]]. Neffens de [[Internet Adult Film Database]] (IAFD) spile hja neitiid yn totaal yn 38 pornofilms. Yn 't earstoan wurke hja benammen gear mei de [[Frankryk|Frânske]] [[regisseur]] [[Pierre Woodman]], foar it [[Sweden|Sweedske]] [[Private (filmstudio)|Private]]-label, lykas yn 'e film ''[[Tatiana 1]]'', út [[1997]].
 
Fierders wurke Cardinale ek foar oare [[Jeropa|Jeropeeske]] filmstudio's, lykas it Frânske [[Vidéo Marc Dorcel]]. Letter yn har karriêre wie se yn 't spier foar [[Feriene Steaten|Amerikaanske]] labels, lykas [[Evil Angel (filmstudio)|Evil Angel]], [[Anabolic Video]] en [[Elegant Angel]]. Tusken [[1998]] en [[2001]] regissearre Cardinale eigenhandich fjouwer pornofilms foar de minder bekende studio's XY Video en VCX. Uteinlik loek se har yn [[2004]] foargoed út 'e [[porno]]yndustry werom.