Madison Parker: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
 
Rigel 18:
 
==Libben==
Madison Parker is hikke en tein yn 'e Hongaarske haadstêd [[Boedapest]]. Yn [[2007]], doe't se achttjin jier wie, makke se har [[debút]] yn in [[pornografyske film]]. Sûnt spile se neffens de [[Internet Adult Film Database]] (IAFD) yn hast 160 pornofilms. Yn [[2008]] ferfear se nei de [[Feriene Steaten]], dêr't se har nei wenjen sette yn [[Los Angeles]], yn 'e [[Amerikaanske steaten|steat]] [[Kalifornje]]. Dêr wurke se û.m. foar sokke foaroansteande labels as ''[[Evil Angel (filmstudio)|Evil Angel]]'', ''[[New Sensations (filmstudio)|New Sensations]]'', ''[[Wicked Pictures]]'', ''[[Jules Jordan Video]]'', ''[[Zero Tolerance (filmstudio)|Zero Tolerance]]'', ''[[Diabolic Video]]'' en ''[[Digital Playground]]''.
 
Ek wurke Parker in protte foar pornowebsiden, lykas ''[[Twistys]]'' en ''Pure18.com''. Hja sleepte trije nominaasjes yn 'e wacht foar in ''[[AVN Award]]'' (de ''[[Oskar]]'' fan 'e pornowrâld), en ien foar in ''[[Hot d'Or]]'', de wichtichste [[Jeropa|Jeropeeske]] pornografypriis. Yn [[2012]] loek se har werom út 'e pornoyndustry.