Ferskil tusken ferzjes fan "Nikki Benz"

51 bytes grutter ,  3 jier lyn
L
 
==Libben en karriêre==
[[File:Nikki Benz LA Convention Center.jpg|left|thumb|175px|Nikki Benz yn [[2009]].]]
Nikki Benz begûn as topless foto- en kalindermodel en fûn al rillegau wurk as stripper. Se bedarre yn 'e pornoyndustry troch yn [[2002]] út harsels kontakt op te nimmen mei in pornoregisseur. Se tekene yn jannewaris [[2003]] in kontrakt foar in jier mei ''[[Pleasure Productions]]'' en makke har debút yn in [[pornografyske film]] datselde jiers, earst yn in [[lesbiënne|lesbyske]] sêne mei [[Gina Lynn]] yn ''Strap On Sally 20'', en dêrnei yn in [[heteroseksualiteit|heteroseksuële]] sêne mei akteur [[Ben English]] yn ''The Sweetest Thing''. Doe't har kontrakt ôfrûn, ferfear se nei de [[Feriene Steaten]], dêr't se har nei wenjen sette yn [[Los Angeles]], yn 'e [[Amerikaanske steaten|steat]] [[Kalifornje]], en dêr't se bêste freondinnen waard mei har kollega-pornoaktrise [[Puma Swede]]. Yn septimber [[2004]] sleat se in kontrakt ôf mei ''[[Jill Kelly Productions]]'' (JKP), mar in jier letter, yn [[2005]], stapte se oer nei ''[[TeraVision]]''. Sûnt 2003 hat se neffens de [[Internet Adult Film Database]] (IAFD) yn teminsten 185 films spile.
 
Njonken har aktearwurk posearret Nikki Benz ek foar [[neakenblêd]]en. Sa hat se yn 'e ''[[Penthouse]]'', ''[[High Society (tydskrift)|High Society]]'', ''[[Fox (tydskrift)|Fox]]'', ''[[OUI]]'', ''[[Chéri (tydskrift)|Chéri]]'', ''[[Hustler]]'', ''[[Club (tydskrift)|Club]]'' en ''[[Club International]]'' stien. Se wie de ''covergirl'' fan 'e ''Penthouse'' yn maaie [[2008]], de ''[[Penthouse Pet]]'' fan 'e moanne yn april [[2010]], en boppedat de ''Penthouse Pet'' fan it Jier yn [[2011]]. Fierdersoan presintearre se in hoartsje in tillefyzjeshow op it kabelkanaal ''KSEX'', mei as titel ''Contract Superstars'', yn 'e mande mei [[Lacey Heart]], [[Ashley Steele]], [[Stormy Daniels]] en [[Tyler Faith]], mar hold dêrmei op om't se der nei eigen sizzen gjin tiid mear foar hie. Yn 'e mande mei [[Lisa Ann]] en [[Sean Michaels]] presintearre Nikki Benz yn april 2010 ek de útrikking fan 'e [[XRCO Awards]].