Shyla Stylez: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
kt
Rigel 21:
Shyla Stylez krige foar it earst belangstelling foar de pornoyndustry doe't se in teenager wie. Har earste stap yn dy rjochting wie om nei [[Vancouver]] ta te ferhúzjen, dêr't se posearre foar [[neakenblêd]]en en live webcamshows op pornowebsites. Ek wurke hja wol as [[stripper|eroatysk dûnseresse]] yn [[stripklub]]s. Uteinlik ferfear se nei de [[Feriene Steaten]], dêr't se har nei wenjen sette yn [[Los Angeles]], yn 'e [[Amerikaanske steaten|steat]] [[Kalifornje]]. Dêr kaam se yn 'e kunde mei pornoakteur [[Erik Everhard]], dy't har yntrodusearre yn 'e Amerikaanske pornoyndustry.
 
Stylez makke yn [[2000]] har debút yn 'e [[pornografyske film]] ''Slap Happy'', foar it label ''[[Anabolic Video]]''. Sûnt hat se neffens de [[Internet Adult Film Database]] (IAFD) yn hast 240 film spile. Nei har earste rol tekene hja in kontrakt mei ''[[Jill Kelly Productions]]'' (JKP), en yn juny [[2002]] liet se har boarsten fergrutsje oant 32D. Datselde jiers troude se mei [[Bob Friedland]], de direkteur fan JKP (dat houlik einige yn in skieding yn augustus [[2003]]). Yn har ''sabatical''-jier [[2005]] liet hja har boarsten fergrutsje nei 36DD, en yn [[2006]] makke se har ''[[comeback'']] op film, dvd en [[ynternet]].
 
Shyla Stylez wie behelle yn in seksskandaal mei George Jaramillo, in [[helpsheriff]] fan [[Orange County (Kalifornje)|Orange County]], by Los Angeles, mei wa't hja ferskate seksueel tinte moetings hie. Doe't dat oan it ljocht kaam, ferlear Jaramillo syn baan. Yn [[2007]] presintearre Stylez de tillefyzjeshow ''Un-Wired TV'', op in ûnôfhinklike stjoerder te Los Angeles. Stylez waard yn [[2010]] troch it tydskrift ''[[Maxim]]'' oantsjutten as ien fan top tolve pornostjerren yn 'e wrâld, en yn [[2011]] waard se ynhuldige yn 'e ''Hall of Fame'' fan 'e ''[[Urban X Award|Urban X Awards]]''. Se hat de jefte om 'e ''booby dance'' te dwaan, sa't se toand hat yn in fideo fan ''[[BangBros]]''. Yn [[2012]] loek Stylez har werom út 'e pornoyndustry.
 
==Prizen en Nominaasjes==