Feneesje (stêd): ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
kt
Rigel 56:
 
== Skiednis ==
It hjoeddeiske Feneesje leit op in kloft eilannen midden yn in lagune (de "Laguna Veneta") dat al yn de Romeinske tiid "Venetia" neamd waard. Sûnt [[697]], doe't de [[Republyk Feneesje]] stifte waard, wie der sprake fan in delsetting op ien fan dy eilannen, dêr't de bewenners in mienskip foarmen ûnder in ''[[doge]]'' (''dux'', lieder'hartoch'). Al gau ûntwikkele de stêd him ta in wichtige hannelsstêd oan de Adriatyske See. Rike keaplju hienen it der foar it sizzen, de doge kaam út harren midden wei, lykas de Grutte Rie.
 
Om-ende-by 1000 besette Feneesje grutte dielen fan [[Dalmaasje (regio)|Dalmaasje]], letter ferwurf it [[Korfû]] foar de kust fan Grikelân. De doge [[Enrico Dandolo]] brûkte it leger fan de [[Fjirde Krústocht]] om [[Konstantinopel]], de haadstêd fan it [[Byzantynske Ryk]] te oermasteren. Hy stelde in keizer nei eigen kar oan, en oant [[1453]] hie de stêd it bewâld oer in part fan dat ryk. Mei in oare hannelsstêd [[Genua (stêd)|Genua]] hat Feneesje mei wikseljend súkses ferskate krigen útfochten (1299, 1353 en 1380). Yn de 14e iuw waard op it fêstelân in grut gebiet ferovere. Doe't er yn de 16e iuw in nije hannelsrûte nei [[Ynje]] ûntdutsen waard, rûn de wolfeart fan Feneesje stadichoan tebek. Yn [[1797]] oermastere [[Napoleon Bonaparte|Bonaparte]] it gebiet en waard de [[Republyk Feneesje]] opheft. Yn 1814 makke Feneesje diel út fan it Lombardysk-Fenesjiaansk keninkryk, ûnder [[Eastenryk]]. Yn 1848-1849 slagge it har dêr fan frij te meitsjen, mar waard troch Eastenryk werovere en earst yn 1866 by it nije keninkryk Itaalje foege.
 
== Nijsgjirrichheden ==