Wjuk: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
nije side
 
L of
Rigel 1:
[[File:Wing of the sparrow1.jpg|right|thumb|250px|De wjuk fan in [[hûsmosk]].]]
{{Oar|it lichemsdiel wjuk|wjuk (betsjuttingsside)}}
In '''wjuk''', '''wjok''', '''flerk''' of (mei in [[hollanisme|hollanistyske]] [[ynterferinsje (taalkunde)|ynterferinsje]]) '''fleugel''' is in [[lichem]]sdiel dat [[fûgel]]s, [[ynsekten]], [[flearmûzen]], de útstoarne [[pterosaurus|pterosauriërs]] en [[mytyske wêzens]] lykas [[ingel]]s en [[draak|draken]] brûke of brûkten om mei te [[fleanen]]. Der bestiet in oansjenlik ferskil tusken in [[fûgelwjuk]], in [[flearmûswjuk]] en in [[ynsektewjuk]]. By fûgels en flearmûzen is de wjuk in [[lid (lichemsdiel)|lid]] dat oarspronklik ûntstien is út in [[foarpoat]], en dat oanstjoerd wurdt troch sterk ûntwikkele [[boarstspier]]en. By fûgels makket de wjuk fleanen mooglik troch de begroeiïng mei stive [[fear (fûgel)|fearren]], dy't [[slachpinne]]n neamd wurde. By flearmûzen bestiet de wjuk út in [[hûd]]flap tusken de [[finger]]s en de [[lichem|romp]]. By ynsekten besteane de wjukken út tinne [[flues|fluezzen]] mei dêrtrochhinne rinnend [[ier (bloedfet)|ieren]] dy't ta fersteviging folpompt wurde mei [[bloed]].