Ferskil tusken ferzjes fan "Doge"

1 byte grutter ,  3 jier lyn
L
noch in typflater ek
L (red)
L (noch in typflater ek)
[[File:Cornelis_De_Wael_-_Portrait_of_Luca_Giustiniani,_Doge_of_the_Republic_of_Genoa.jpg|right|180px|thumb|[[Luca Giustiniani]], ''doge'' fan [[Republyk Genua|Genua]] fan [[1644]] oant [[1646]], [[skildere]] troch [[Cornelis de Wael]].]]
{{Of|de Italjaanske titel|it plak yn Hongarije|Döge}}
'''''Doge''''' (útspr.: ['dɔ:ʤe], likernôch: "<u>dô</u>-dzjee"; [[meartal]]: '''''dogi''''', útspr.: ['dɔ:ʤi], likernôch: "<u>dô</u>-dzjy") wie [[skiednis|histoarysk]] de [[aadlike titel|titel]] fan it [[ferkiezing|keazen]] [[steatshaad]] fan ferskate [[republiken]] yn wat no [[Itaalje]] is. De term 'doge' is in [[wurd]] dat út it [[Fenesiaansk]] komt, fan it [[Latyn]]ske ''dux'', dat "hartoch" betsjut. It is ekwivalint oan it [[Italjaansk]]e ''duce'', it [[Frânsk]]e ''duc'' en it [[Ingelsk]]e ''duke'' (dat eins in [[lienwurd]] út it Frânsk is). [[Frou]]like ''dogi'' hawwe nea bestien, mar de [[oarehelte|frou]] fan in doge wie in '''dogaresse''' of '''dogana'''. It [[eigenskipwurdeigenskipswurd]] dat by 'doge' heard, is '''dogaal'''.
 
Trochdat it dogeskip in keazen [[amt]] wie, hoewol't inkeld it [[manlik]]e diel fan 'e [[aristokrasy]] dêrfoar syn stim útbringe mocht, waard in steat mei in ''doge'' oan it haad yn 'e regel in [[republyk]] neamd. Lykwols wie de titel fan ''doge'' dúdlik in [[adel|aadliken-ien]], en sadwaande sprekt men wol oer de '[[kroane republyk|kroane republiken]]'. Sokke steaten kamen foar yn [[Itaalje]] fan 'e [[Iere Midsiuwen]] oant de [[Frânske Tiid]]. Der wiene fjouwer kroane republiken: