Plysje: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
Servien (oerlis | bydragen)
No edit summary
Lebels: Mobile bewurking Bewurking mobile webstee
 
Rigel 1:
[[Ofbyld:politielogo.jpg|thumb|Boerd mei logo fan in Nederlânsk plysjeburo]]
De '''plysje''' of '''polysje''' is yn in [[rjochtssteat]] de [[oerheid]]stsjinst dy't belêstge is mei de hanthavening fan 'e iepenbiere oarder en feilichheid, it ûndersykjen en bestraffen fan (potinsjeel) strafbere feiten, de opspoaring fan [[krimineel|kriminelen]], direkte helpferliening en it jaan fan advys oer in ferskaat fan ûnderwerpen, bgl. hoe't men jins hûs it bêste befeiligje kin tsjin [[ynbraak]]. Dêrby falt de plysje yn 'e regel ûnder it [[ministearje fan Binnenlânske Saken]].
 
Yn (Jeropeesk) [[Nederlân]] wie de plysje fan [[1945]] oant [[1993]] opdield yn twa ferskillende organisaasjes, de [[gemeenteplysje]] en de [[ryksplysje]]. Fanôf [[1993]] is der noch mar ien, lanlike organisaasje, dy't oant [[2013]] opboud wie út 25 regiokorpsen en in [[Korps Lanlike Plysjetsjinsten]] (KLPD). Per [[1 jannewaris]] [[2013]] waard de plysje reorganisearre, sadat der doe ien [[plysje yn Nederlân|lanlik plysjekorps]] ûntstie, mei 10 regionale ienheden, in lanlike Ienheid en twa ûnderstypjende tsjinsten yn 'e foarm fan in plysjetsjinstesintrum en de stêf fan 'e korpslieding. Dêrnjonken hat [[Karibysk Nederlân]] it eigen [[Korps Plysje Karibysk Nederlân]].